Filtrar por gênero

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Omrop Fryslân

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

120 - It Nijsfoarum fan 26 maart 2023
0:00 / 0:00
1x
  • 120 - It Nijsfoarum fan 26 maart 2023

    It Nijsfoarum fan Buro de Vries. Dizze kear mei Jaap Stalenburg (PvdA), Femke Wiersma (BBB) en Albert van der Ploeg (CDA).

    Sun, 26 Mar 2023 - 39min
  • 119 - It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Hendrik Sijtsma en Tineke de Vries

    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Tineke de Vries, foarsitter fan de LTO fakgroep ikkerbou en follegrûnsgriente en Hendrik Sijtsma, CDA wethâlder yn Harns.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de koälysjefoarming yn de Fryske steaten, de 'pauze' dy't de regearing nimt yn it stikstofdossier, de Tallshipsraces yn Harns, it lânbouakkoart en Thialf. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.

    Sun, 02 Apr 2023 - 46min
  • 118 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 9 april 2023

    Yn it nijsfoarum besprekke âld boargemaster fan Harns Roel Sluiter, Twadde Keamerlid foar de VVD Harry Bevers en Omrop sjoernalist Onno Falkena it nijs fan de ôfrûne wike. De formaasje yn de provinsjale steaten, hoe stiet it kabinet derfoar en wêr komt de maatskiplike ûnrêst wei? 

    Sun, 09 Apr 2023 - 40min
  • 117 - Nijsfoarum Buro de Vries 23 april

    Yn it nijsfoarum binne te gast Mirka Antolovic, direkteur fan Tumba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert. Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert en Albert van Dijk, steatelid foar Forum voor Democratie. Se prate oer omkearde flagen, grinsoerskridend gedrach nei oanlieding fanklachten oer minister Dennis Wiersma en komplotteorieën.

    Sun, 23 Apr 2023 - 46min
  • 116 - It nijsfoarum mei Frank Petersen, Betty de Boer en Maarten Goudzwaard

    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Frank Petersen fan de Waadferiening, Betty de Boer, Friezinne om utens en âld VVD twaddekeamerlid en Maarten Goudzwaard, steatelid foar JA21 De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de eareskuldregeling foar Grinslân, de klimaatdoelen fan minister Jetten en de ynstream fan asylsikers. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.

    Sun, 30 Apr 2023 - 47min
Mostrar mais episódios