Filtrer par genre
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
- 120 - It Nijsfoarum fan 26 maart 2023
It Nijsfoarum fan Buro de Vries. Dizze kear mei Jaap Stalenburg (PvdA), Femke Wiersma (BBB) en Albert van der Ploeg (CDA).
Sun, 26 Mar 2023 - 39min - 119 - It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Hendrik Sijtsma en Tineke de Vries
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Tineke de Vries, foarsitter fan de LTO fakgroep ikkerbou en follegrûnsgriente en Hendrik Sijtsma, CDA wethâlder yn Harns. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de koälysjefoarming yn de Fryske steaten, de 'pauze' dy't de regearing nimt yn it stikstofdossier, de Tallshipsraces yn Harns, it lânbouakkoart en Thialf. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
Sun, 02 Apr 2023 - 46min - 118 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 9 april 2023
Yn it nijsfoarum besprekke âld boargemaster fan Harns Roel Sluiter, Twadde Keamerlid foar de VVD Harry Bevers en Omrop sjoernalist Onno Falkena it nijs fan de ôfrûne wike. De formaasje yn de provinsjale steaten, hoe stiet it kabinet derfoar en wêr komt de maatskiplike ûnrêst wei?
Sun, 09 Apr 2023 - 40min - 117 - Nijsfoarum Buro de Vries 23 april
Yn it nijsfoarum binne te gast Mirka Antolovic, direkteur fan Tumba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert. Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert en Albert van Dijk, steatelid foar Forum voor Democratie. Se prate oer omkearde flagen, grinsoerskridend gedrach nei oanlieding fanklachten oer minister Dennis Wiersma en komplotteorieën.
Sun, 23 Apr 2023 - 46min - 116 - It nijsfoarum mei Frank Petersen, Betty de Boer en Maarten Goudzwaard
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Frank Petersen fan de Waadferiening, Betty de Boer, Friezinne om utens en âld VVD twaddekeamerlid en Maarten Goudzwaard, steatelid foar JA21 De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de eareskuldregeling foar Grinslân, de klimaatdoelen fan minister Jetten en de ynstream fan asylsikers. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
Sun, 30 Apr 2023 - 47min - 115 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 7 maaie
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries beprate CNV foarsitter Piet Fortuin, MKB Noord foarsitter Joyce Walstra en Harry Bevers, twadde keamerlid foar de VVD it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen: stakingsgolf, betinkingen, en Zelensky.
Sun, 07 May 2023 - 47min - 114 - It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Charda Kuiper Femke Wiersma en Onno Falkena
Mei Femke Wiersma(kandidaat deputearre foar BBB), Charda Kuiper(fraksjefoarsitter fan Grien Links yn de steaten) en Onno Falkena(polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân) bepraat Simone Scheffer saken as de stikstofkrisis, de wenkrisis, de kwaliteit fan it ûnderwiis, de bed, bad broodregeling en wat fierder noch ter sprake komt.
Sun, 14 May 2023 - 1h 59min - 113 - Nijsfoarum 21 maaie
Yn it nijsfoarum besprekke gastfrijheidsekonoom en hoarakaûndernimmer Geesje Duursma, PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop en wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân it nijs fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer it útstelde lânbou-akkoart, de agresje op de dyk en yn de stadions en de takomst fan de hoareka.
Tue, 23 May 2023 - 46min - 112 - it Nijsfoarum mei Harry Oosterman, Tjeerd van der Zwan en Sybe Knol
It Nijsfoarum fan Buro de Vries praat oer aktuele saken. Lykas de asylsikersproblematyk, de Earste Keamer ferkiezingen, de wolf, it ûntwiken fan it beteljen fan belesting, bedrigings op Twitter en supportersgeweld.Yn it foarum sitte boargemaster Tjeerd van der Zwan fan it Hearrenfean, âld boargemaster Harry Oosterman en FNP fraksjelieder en steatelid Sybe Knol.
Sun, 04 Jun 2023 - 49min - 111 - Nijsfoarum Buro de Vries
Yn it nijsfoarum te gast Irene Overduin, sjoernalist fan de LC, Paul Schoute, wethâlder foar de VVD yn Harns en Romke de Jong, twadde keamerlid foar D'66. We hawwe it oer Rutte, gaswinningsdebatten, fargeulen earmoed en migrantedeals.
Sun, 11 Jun 2023 - 47min - 110 - Nijsfoarum: Raquel García Hermida, Jan-Willem Tuininga en Jacob IJsselstein
It Nijsfoarum fan 18 juny 2023, mei yn dizze útstjoering Raquel García Hermida, 'Europeaan yn Fryslân' en op kampanje om foar D66 yn it Europeesk parlemint te kommen, Jan Willem Tuininga, de fraksjefoarsitter FNP Ljouwert en Jacob IJsselstein, lid fan it lanlik bestjoer fan BBB Jong. It petear gie oer it lânbou-akkoart en de pykbelestersregeling, mar ek oer migraasje en it klimaat. Fierder kaam it belûken fan jongelju by de polityk oan bar en de mooglikheden en útdagingen fan Europa.
Sun, 18 Jun 2023 - 44min - 109 - Nijsfoarum Buro de Vries 25 juny 2023
Mei gasten Edou Hamstra, jo witte wol, de frou dy't de stekker luts út it koalysje-akkoart en de rest yn ferbjustering achterliet. Onno Falkena, ús polityk ferslachjouwer en duider en ûndernimmer en fêst foarumlid Jenny Douwes. de klapte koalysje-ûnderhannelings de sikehûsplannen yn Fryslân (ien grut sikehûs by de Jouwer en Snits en Hearrenfean ticht op termyn) it opstappen fan Dennis Wiersma it lânbou-akkoart klapt Maarten van der Weijden Private ûnderseeboatsjes, soene jim der yn wolle?
Sun, 25 Jun 2023 - 47min - 108 - It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Age Hartsuiker en Sieger Dijkstra
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan it Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it iepenbier ferfier, de klimaatkrisis, in AZC yn de Fryske Marren/it Hearrenfean en wenningneed.
Sun, 17 Sep 2023 - 40min - 107 - It Nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Sieger Dijkstra en Age Hartsuiker
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord en Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal yn de gemeenteried fan Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer besteanssekerheid, klimaatprotesten en it iepenbier ferfier.
Thu, 21 Sep 2023 - 40min - 106 - Nijsfoarum: Edou Hamstra, Bert Koonstra en Uilkje Attema-De Groot
Dizze wike yn it nijsfoarum fan Buro de Vries: Edou Hamstra, Bert Koonstra en Uilkje Attema-De Groot
Sun, 24 Sep 2023 - 47min - 105 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 1 oktober 2023
Yn it nijsfoarum besprekke (demissionêr) steatssiktaris Aukje de Vries, PvdA steatelid Jaap Stalenburg en foarsitter fan de FNP Jan Arendz de aktualiteiten fan dizze wike. We hawwe it oer Kampanjes, plysje-ynset, Ajax en kearnenerzjy.
Sun, 01 Oct 2023 - 48min - 104 - It nijsfoarum fan 8 oktober mei Hendrik Sijtsma, Irene Overduin en Willem Donker
Irene Overduin - sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, Hendrik Sytsma - wethâlder CDA yn Harns en Willem Donker ,foarsitter NVM Fryslân/makelder besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer Israel, Wopke Hoekstra, Woodbrookers en prins Bernhard.
Sun, 08 Oct 2023 - 46min - 103 - Nijsfoarum: Aant Jelle Soepboer, Tom van Mourik en Wieke Goudzwaard-Wiersma
It nijsfoarum fan Buro de Vries op 22 oktober 2023. Te gast wienen kandidaat-Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (Nieuw Sociaal Contract), âld-boargemaster Tom van Mourik (VVD), en Ljouwerter gemeenteriedslid en kandidaat-Twadde Keamerlid Wieke Goudzwaard-Wiersma (CDA).
Sun, 22 Oct 2023 - 46min - 102 - it Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Wieke Goudzwaard-Wiersma en Aant Jelle Soepboer
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Aant Jelle Soepboer, kandidaat twaddekeamer lid fan Nieuw Sociaal Contract, de nije partij fan Pieter Omtzigt, Wieke Goudzwaard-Wiersma (CDA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert) en Tom van Mourik, âld boargemaster en VVD politikus. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan René Koster oer de oarloch yn Gaza, de kommende twadde keamerferkiezings en mobiliteit.It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
Wed, 25 Oct 2023 - 46min - 101 - It nijsfoarum fan 29 oktober 2023
Yn it nijsfoarum beprate we dizze wike de sitewaasjes yn Gaza, de misstannen yn Woodbrookers en de ferkiezingsspanning mei gasten: Nathalie Kramers - wethâlder gemeente Ljouwert en wethâlder Sosjaal Domein gesamelike gemeentes Harry Bevers - Twadde Keamerlid foar de VVD en nûmer 27 op de list foar de kommende ferkiezings Rieks Osinga - bestjoerskundige en wurksum op de Thorbecke Academie
Sun, 29 Oct 2023 - 41min - 100 - It nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66), Mariska Rikkers (BBB) en Max Aardema (PVV)
Yn de wiken foar de ferkiezings skowe Fryske kandidaatkeamerleden oan om te praten oer de ferkiezingtéma's dy't foar Fryslân fan belang binne. De kleau tusken Rânestêd en regio, mobiliteit, besteanssekerheid en klimaat komme oan 'e oarder. En ek de persoanlike redenen fan Tjeerd de Groot, Mariska Rikkers en Max Aardema om foar de partij te kiezen dêr't se no foar op de list stean. Fierder giet it oer de bedrigingen en skeldpartijen dy't twadde keamerleden hjoed-de-dei krije en de ynfloed dy't dat hân hat op harren beslissing om har ferkiesber te stellen.
Sun, 12 Nov 2023 - 47min - 99 - It nijsfoarum debat
Dizze wiken ha we it nijsfoarum ynromme foar Fryske kandidaten foar de Twadde Keamerferkiezings. We giene fan lyts nei grut, of yn elk gefal de ferwachtings dêrfoar. En dat betsjut dat hjoed by my yn 'e studio trije kandidaten sitte dy't it yn de peilingen sa dogge dat se by de grutten hearre. En dizze trije kandidaten stean dêrmei ek nochris op in ferkiesber plak. It binne Aant Jelle Soepber, de nûmer 7 fan Nieuw Sociaal Contract, Aukje de Vries , de nûmer 8 op de list fan de VVD en Habtamu de Hoop, de nûmer 12 op de list fan de PvdA\Groen Links.
Sun, 19 Nov 2023 - 44min - 98 - It Nijsfoarum mei Ton van der Laan (Leeuwarder Courant), Ria Kraa (Friesch Dagblad) en Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân)
It nijsfoarum fan snein 26 novimber mei polityk sjoernalist Ton van der Laan fan de Leeuwarder Courant, haadredakteur Ria Kraa fan it Friesch Dagblad en haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân.
Sun, 26 Nov 2023 - 47min - 97 - It Nijsfoarum mei Sjoerd Galema (CDA), Jan Willem Tuininga (FNP) en Sippy van der Meer (PvdA)
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Sippy van der Meer, gemeenteriedslid foar de PvdA yn de Fryske Marren en Sjoerd Galema, CDA pommerant en lid fan it algemien bestjoer fan it wetterskip. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de foarming fan in nije regearing, asylsikers en carbidsjitte. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
Sun, 03 Dec 2023 - 44min - 96 - It nijsfoarum fan 10 desimber 2023
Te gast yn it nijsfoarum fan Buro de Vries binne dizze kear: Avine Fokkens (boargemaster fan Hearrenfean en âld-VVD-deputearre), Otto van der Galiën (fraksjefoarsitter Lijst058 Ljouwert) en Tjitske Veenstra (fraksjefoarsitter GrienLinks Achtkarspelen).
Sun, 10 Dec 2023 - 46min - 95 - It nijsfoarum 17 desimber
Eilanperikelen, in Fries op it eurovisiesongfestival en spreidingswet wol of net. Dat daliks yn it nijsfoarum, mei net de minsten. Boargemaster Fred Veenstra fan de Fryske Marren, Ina Sjerps fan de gemeente Harns en Gerard van Klaveren, âld deputearre en âld-boargemaster fan Weststellingwerf en It Amelân besprekke dizze ûnderwerpen.
Sun, 17 Dec 2023 - 47min - 94 - it Nijsfoarum mei: Joyce Walstra, Edou Hamstra en Abel Kooistra
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord, Edou Hamstra fraksjefoarsitter fan de PvdA yn provinsjale steaten en Abel Kooistra, fraksjefoarsitter fan BBB yn provinsjale steaten. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer aktivistyske amtners, it autolij meitsjen fan stedssintra en it ekstreme wiete waar fan de ôfrûne tiid. It nijsfoarum wurdt foarôfgien "En no jo!", in rubryk werby't immen syn of har miening jout oer in bepaald ûnderwerp. Dizze kear is dat âld FNV bestjoerder Anne van Dijk. Hy fynt dat der yn de media fierst te negatyf oer de fergrizing berjochte wurdt en wol dat der mear klam lein wurdt op de wearde dy't âldere minsken hawwe foar ús maatskippij.
Sun, 07 Jan 2024 - 43min - 93 - It nijsfoarum fan Buro de Vries
Yn it nijsfoarum beprate Avine Fokkens, boargemaster fan Hearrenfean, Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar Grien Links/PvdA en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer asylproblematyk en de spriedingswet, It Frysk as universitaire stúdzje en amtners dy't harren miening ekstern diele.
Sun, 14 Jan 2024 - 42min - 92 - It nijsfoarum mei Germ Gerbrandy, Gerard van Klaveren en Janneke Hoitinga
Yn dizze podcast it nijsfoarum fan Buro de Vries mei âld-Earste Keamerlid Germ Gerbrandy, âld-deputearre en VVD-boargemaster Gerard van Klaveren en Janneke Hoitinga, foarsitter fan MKB-Fryslân.
Sun, 21 Jan 2024 - 1h 59min - 91 - It Buro de Vries nijsfoarum fan 28 jannewaris
It Buro de Vries nijsfoarum fan 28 jannewaris mei Fred Veenstra (Boargemaster De Fryske Marren) Aukje de Vries (2e keamerlid VVD) en Jan vd Veen (Sp Riedslid Hearrenfean) Presintaasje Rene Koster
Sun, 28 Jan 2024 - 41min - 90 - It nijsfoarum mei Hendrik Atze van Doezem, Marga Waanders en Piet Fortuin
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei boargemaster Waanders fan Waadhoeke, skiednisdosint Hendrik Atze van Doezem en CNV bestjoerder Piet Fortuin. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de spriedingswet, arbeidsmigranten, ûntslaggen en ûnrêst op de arbeidsmerk, it sluten fan drugspanden en it tillefoanferbod op skoalle.
Sun, 04 Feb 2024 - 36min - 89 - It Nijsfoarum fan 11-02-2024
It nijs fan de wike besprutsen troch âld D66-keamerlid Romke de Jong, CDA-steatelid Attje Meekma en parlemintêr sjoernalist Ton van der Laan fan de Ljouwerter Krante.
Sun, 11 Feb 2024 - 39min - 88 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 18 febrewaris
Yn it nijsfoarum besprekke we it reinbôgedebat yn de provinsje, de fuortgong yn de formaasje, de kosten fan de ôfslutdyk-renovaasje en de dea fan Navalny. Foarumleden op dizze snein binne: Wieke Goudzwaard - riedslid CDA gemeente Ljouwert Dirk Visser - riedslid PvdA gemeente Ljouwert Martijn Brands - VVD Steatelid
Sat, 18 Feb 2023 - 50min - 87 - It Nijsfoarum fan 25 febrewaris
It Nijsfoarum fan 25 febrewaris mei oan tafel: * Tjitske Veenstra, fraksjefoarsitter GrienLinks Achtkarspelen; * Cees Riezebos, frakjsefoarsitter PVV Súdwest-Fryslân; * Gerben van der Mei, fraksjefoarsitter Fryske steatefraksje FNP.
Sun, 25 Feb 2024 - 51min - 86 - It Nijsfoarum fan 3 maart 2024
It Nijsfoarum fan 3 maart 2024, mei oan tafel: - Jan Willem Tuininga, frakjsefoarsitter FNP Ljouwert; - Jacoline Engelmoer, riedslid Súdwest-Fryslân foar Nieuw Sociaal; - Yntze de Vries, ELP-fraksjefoarsitter Smellingerlân.
Sun, 03 Mar 2024 - 49min - 85 - It Nijsfoarum mei Douwe Beimin, Frank Jorna en Aant Jelle Soepboer
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Douwe Beimin, lid fan it platfoarm earmoede en skulden, Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân en Aant Jelle Soepboer, twadde keamerlid foar NSC De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer gaswinning by Ternaard, de seespegelstiging, de formaasje ûnderhannelingen yn Den Haach, wol of net holledoekjes foar BOA's en Joost Klein.
Sun, 10 Mar 2024 - 48min - 84 - Nijsfoarum Buro de Vries 17 maart
Yn it nijsfoarum besprekke de folgjende gasten de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Joyce Walstra - direkteur Oranjewoud Export Academy, foarsitter MKB Noord Aebe Aalberts - Manager Dairy Campus at Wageningen University & Research, fractievoorzitter CDA Fryslân, toezichthouder, bestuurder Jaap Stalenburg - steatelid foar de PvdA en sportsjoernalist We hawwe it oer: Gaswinning ûnder it Waad Hoe giet it yn de steaten de formaasje Pfas-perikelen iepening Holocaustmuseum en alles deromhinne
Sun, 17 Mar 2024 - 50min - 83 - It Nijsfoarum fan 24 maart 2024
It Nijsfoarum besprekt it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld mei trije gasten oan tafel. Dit kear mei: -Twaddekeamerlid Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) -Steatelid Hanneke Goede (SP) en -Riedslid Albert van Keimpema fan De Fryske Marren (Burgerpartij)
Sun, 24 Mar 2024 - 49min - 82 - It Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Charda Kuipers en Hendrik van Doezem
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Otto van der Galiën, gemeenteriedslid fan Lijst 058 yn Ljouwert, Charda Kuipers, steatelid fan Grien Links en Hendrik van Doezem dosint skiednis oan it Lauwerskolleezje. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer antysemitisme, MBO ûnderwiis, Russyske ynminging yn de Nederlânske polityk en omgongsfoarmen yn de keamer.
Sun, 31 Mar 2024 - 42min - 81 - It nijsfoarum fan Buro de Vries op 7 april 2024
Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Dizze wike binne de gasten: Gerk Koopmans earder direkteur fan ûnder oaren it Frysk Fersetsmuseum en organisaasje 80 jier befrijing Tjitske Veenstra riedslid Grien Links Achtkarspelen Maarten Goudzwaard Fraksjefoarsitter JA21 yn de Fryske Steaten We prate oer: Gaza, wenningbou yn Fryslân, de wetterpipemûs en de spoartunnel by Deinum. En ek de kloof tusken earm en ryk en it 80 jierrich befrijingsfeest komt oan de oarder.
Sun, 07 Apr 2024 - 51min - 80 - It Nijsfoarum fan 14 april 2024
Oan tafel by it Nijsfoarum ditkear: - Aukje de Vries, VVD-keamerlid en demissionêr steatssiktaris; - Eke Folkerts, BBB-deputearre yn Fryslân; - Hayo Bootsma, redakteur/ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
Sun, 14 Apr 2024 - 43min - 79 - It Nijsfoarum mei Abel Kooistra, Albert van der Ploeg en Anne Merkuur
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Abel Kooistra, fraksjefoarsitter BBB yn de steaten, Albert van der Ploeg, foarsitter Noardelike Fryske Wâlden en Anne Merkuur, fraksjefoarsitter Grien Links/PvdA yn de Fryske Marren en universitêr dosint Frysk oan de RUG en ûndersiker by de Fryske Akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de nije bestjoersôfspraak Frysk, it krewearjen fan boeren foar de greidefûgels, gebietsbudzjetten dy't net trochgean en it 80-jierrich befrijingsfeest dêr't Deputearre Steaten folle minder jild foar útlûke wol as wer't op rekkene wie.
Sun, 21 Apr 2024 - 47min - 78 - It nijsfoarum fan snein 28 april
Yn it nijsfoarum besprekke Hendrik Galema, jonge boer en foarsitter fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt. Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert en Wieke Goudzwaard, ek riedslid, mar foar it CDA yn de Fryske haadstê it nijs fan de ôfrûne wike. ûnderwerpen binne ûnder oaren: de problemen yn de lânbou, pfas, joadehaat, lintsjesrein en wylde katten.
Sun, 28 Apr 2024 - 49min - 77 - It nijsfoarum fan 5 maaie: Jan-Willem Tuininga, Auke Zeldenrust en Jasmijn Bottema
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Auke Zeldenrust, sjoernalist, skriuwer, dosint en teätermakker en Jasmijn Bottema, 18 jier en fraksjemeiwurker foar D66 yn de steaten. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de 4 maaie betinking en de eangst foar fersteuring, demonstraasjes fan studinten tsjin Israël, it wol of net omleechbringen fan de leeftiid by it stimmen fan 18 nei 16 jier. Fierder ha alle foarumleden ek in eigen ûnderwerp dat se nei foaren bringe.
Sun, 05 May 2024 - 46min - 76 - It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024
It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024 mei hjoed oan tafel: Tjebbe van der Meer, CDA-fraksjefoarsitter Smellingerlân; Alice van Gosliga-Faber, BBB-fraksjefoarsitter Wetterskip Fryslân; Douwe Beimin, PAS Fryslân, (Platform Armoede en Schulden)
Sun, 12 May 2024 - 51min - 75 - It nijsfoarum fan Buro de Vries op 19 maaie
Foarumleden Irene Overduin(sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, Jaap Stalenburg (steatelid foar de PvdA en Aant Jelle Soepboer (Twadde Keaerlid foar NSC) besprekke it akkoart fan it nij te foarmjen kabinet.
Sun, 19 May 2024 - 47min - 74 - It nijsfoarum mei Jan-Willem Tuininga, Hetty Janssen en Renske van der Tempel
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Hetty Janssen, earste keamerlid foar GrienLinks/PvdA en Renske van der Tempel bestjoerskundige oan de Thorbecke akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it keamerdebat dat fierd is oer it koälysjeakkoart en fansels komt dan ek de fraach foarby wa't de nije premier wurde moat. Fierder wurdt der diskussearre oer hoe't de klimaatferoaring oanpakt wurde moat, komt de nije adopsjewet ter sprake en Hetty Janssen komt mei in tip om it grutte tal slakken oan te pakken.
Sun, 26 May 2024 - 44min - 73 - It Europa-Nijsfoarum fan 2 juni 2024
Fanwege de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint fan 6 juni, in spesjaal Europa-Nijsfoarum. Mei oan tafel: VVD-europarlemintariër Jan Huitema; D66-kandidaat Raquel Garcia Hermida-van der Walle; en Otto van der Galiën, riedslid yn Ljouwert foar Lijst 058 en âld-wetterskipsbestjoerder en -steatelid. En kritysk folger fan Europa.
Sun, 02 Jun 2024 - 47min - 72 - It nijsfoarum fan Buro de Vries
Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Sa ha we it oer de Europeeske ferkiezings, de besunigings op kulturele organisaasjes yn Fryslân, de BTW ferhegings dy't oankondige wurde yn it haadline-akkoart en wenningbou yn Fryslân. De foarumleden binne Abel Kooistra, steatelid foar BBB, Thom Smit, jonge SP'er en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân.
Sun, 09 Jun 2024 - 50min - 71 - It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Immie Jonkman en Yntze de Vries
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei twadde keamerlid foar de NSC Aant Jelle Soepboer, Arcadia direkteur Immie Jonkman en Yntze de Vries, fraksjefoarsitter fan de ELP (Earste lokale partij) yn Smellingerlân. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it nije kabinet, de ûntslaggen by Philips en it 75-jierrich jubileumfeest, rebûlje yn de gemeenteried fan Smellingerlân en besunigings op taal en kultuer.
Tue, 18 Jun 2024 - 47min - 70 - It Nijsfoarum fan 23 juni 2024
It Nijsfoarum mei oan tafel: - Piet Fortuin, lanlik foarsitter CNV; - Edou Hamstra, frakjsefoarsitter PvdA yn de Fryske Steaten; - Hendrik Atze van Doezum, skiednis-dosint / PodCast-producer "Vrienden van het onderwijs".
Sun, 23 Jun 2024 - 49min - 69 - It nijsfoarum fan Buro de Vries op 30 juny
Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteit fan de ôfrûne wike. We hawwe it dizze kear oer it nije kabinet, wat foar polityk jier ha we achter de rêch. Sille we Rutte misse en kin Biden noch wol presidintskandidaat bliuwe. En fansels de alderbelangrykste bysaak yn it libben; hoe komt it mei Oranje op it EK? De foarumleden binne: Ton van der Laan - sjoernalist LC Friso Douwstra -deputearre Femke Molenaar - riedslid Grien Links yn Ljouwert
Sun, 30 Jun 2024 - 52min - 68 - It Buro de Vries Nijsfoarum fan 15-09-24
Hjoed as gasten oan tafel: *Natalie Nauta, fraksjefoarsitter fan de BBB yn de Fryske steaten, *Ton van der Laan, parlemintêr ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante en *Wieke Goudzwaard, CDA-fraksjefoarsitter yn de gemeenterie fan Ljouwert.
Sun, 15 Sep 2024 - 49min - 67 - It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Piet Fortuin en Aukje de Vries
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei VVD twaddekeamerlid Aukje de Vries, CNV foarsitter Piet Fortuin en PvdA gemeenteriedslid Mirka Antolovic. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de troanrede, de algemiene skôgings, de asylneedwet, it funksjonearjen fan premier Schoof en Oekraynske manlju dy't flechten binne en hjir yn de opfang sitte. Moatte dy werom nei har lân om te fjochtsjen?
Sun, 22 Sep 2024 - 43min - 66 - It Nijsfoarum fan 29 september 2024 mei Jannewietske de Vries, Harry Bevers en Arjen Lont.
It Nijsfoarum fan 29 september 2024 oer de sitewaasje yn it middeneasten, de Lelylijn op dea spoar, 'bouwe, bouwe, bouwe' en de start fan it nije kabinet. As opiny-makkers sitte oan tafel boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân, VVD-keamerlid Harry Bevers en Arjen Lont, honorair konsul fan Israël.
Sun, 29 Sep 2024 - 49min - 65 - It nijsfoarum mei Jeffrey Graansma, Gryte Schaafstal en Avine Fokkens
It nijsfoarum fan Buro de Vries, mei PVV steatelid Jeffrey Graansma, PvdA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân Gryte Schaafstal en boargemaster Avine Fokkens fan it Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries ûnderoaren oer asylsikersintra, oer it winnen fan gas en eveneminten sûnder plysje ynset. Wie de BetCity Alvestêdetocht fan ôfrûne wike it bewiis dat in grut evenemint ek kin sûnder grutskalige plysjeynset?
Sun, 06 Oct 2024 - 49min - 64 - It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Dieuwke Bakker en Jan-Willem Tuininga
It nijsfoarum fan Buro de Vries, dizze kear mei PvdA Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop; steatelid Dieuwke Bakker fan de BBB yn Fryslân en Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn de gemeente Ljouwert. Under lieding fan Jan Dirk de Haan giet it ûnderoaren oer dagenlang swier fjoerwurk, branstifting en in grutte bek yn Noorderhoek yn Snits.Mar ek oer de maksimum snelheid, fan 100 nei 130 kilometer yn de oere op de ofslutdyk. Goed idee of net? En in eksplosive tweet fan Wilders oer Palestinademostraasjes yn de stêd fan boargemaster Halsema: it safolste reltsje yn Den Haag? Of ûnderdiel fan in grutter plan?
Sun, 13 Oct 2024 - 47min - 63 - It Nijsfoarum fan 20 oktober mei Jaap Stalenburg, Jan Teade Kooistra en Geertje Schoorstra
It nijs fan de wike besprutsen troch: * Boer en LTO-regiobestjoerder Jan Teade Kooistra, * CDA-fraksjefoarsitter yn Noardeast-Fryslân Geertsje Schoorstra en * PvdA-steatelid Jaap Stalenburg.
Sun, 20 Oct 2024 - 48min - 62 - it nijsfoarum mei Abel Kooistra, Wieke Goudzwaard en Hetty Jansen
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Grien Links/PvdA earste keamerlid Hetty Jansen, CDA fraksjefoarsitter yn'e ried fan Ljouwert Wieke Goudzwaard en deputearre Abel Kooistra. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de klimaatdoelen foar 2030 dy't nei alle gedachten net helle wurde, de asyldeal mei de asylneedmaatregelenwet en de rebûlje oer de ROL, de Regionale Opvang Lokatie yn Ljouwert.
Sun, 27 Oct 2024 - 46min - 61 - It Nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Petra van den Akker en Irene Overduin
Oan de Nijsfoarum-tafel sitte ditkear: * Petra van den Akker, CDA-wethâlder Súdwest-Fryslân en vice-foarsitter fan de wethâldersferining; * Maarten Goudzwaard, steatelid JA21; * Irene Overduin, redakteur/ferslachjouwer/wykein-sjef Leeuwarder Courant.
Sun, 03 Nov 2024 - 50min - 60 - It Nijsfoarum mei Durk Durksz, Aant-Jelle Soepboer en Harry Bevers
Under lieding fan Geartsje de Vries prate trije politisy oer it nijs fan de ôfrûne wike: Trump wurdt opnij presidint fan Amearika Der komt net in saneamd MIRT ûndersyk nei de Lelyline en hoe komt it dan mei sa'n ûndersyk nei de farferbining nei it Amelân? In pogrom waard it neamd: geweld tsjin supporters fan de Israelyske fuotbalklup Maccabi Tel Aviv minister Faber ûnder fjoer yn de keamer fanwege de asielplannen Wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân en de twadde keamerleden Aant-Jelle Soepboer (NSC) en Harry Bevers (VVD) binne de foarumleden
Sun, 10 Nov 2024 - 49min - 59 - It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Tjitske Veenstra en Germ Gerbrandy.
It Nijsfoarum mei hjoed oan tafel: Aukje de Vries, Twadde Keamerlid VVD; Tjitske Veenstra, GrienLinks-riedslid Achtkarspelen; en Germ Gerbrandy, âld FNP-senator en -boargemaster.
Sun, 17 Nov 2024 - 44min - 58 - It Nijsfoaurm mei Lisa Edema, Pieter Greidanus en Jan-Willem Tuininga
It Nijsfoaurm mei: * Lisa Edema GroenLinks Eaststellingwerf; * Pieter Greidanus Nieuw Sociaal Súdwest-Fryslân en * Jan-Willem Tuininga, FNP Ljouwert.
Sun, 24 Nov 2024 - 49min - 57 - It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Tjitte Hemstra en Geeske Holtrop-Hoekstra
Yn it nijsfoarum sitte dizze kear: Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar Grien Links/PvdA Tjitte Hemstra, steatelid foar de FNP Geeske Holtrop-Hoekstra, fraksjefoarsitter Kleurrijk de Fryske Marren (ferbûn mei de BBB) De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de besunigings fan 2 miljard op it ûnderwiis, it Masterplan foar de Lelyline, de foarnommen fúzje fan de sikehuzen yn Snits en it Hearrenfean en oer de social media.
Sun, 01 Dec 2024 - 48min - 56 - It Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Sandra de Jong en Hendrik Galema
Trije Fryske opinymakkers besprekke it nijs fan de wike út de provinsje en de rest fan 'e wrâld. Mei hjoed oan tafel: - Hendrik Galema, foarsitter Agrarische Jongeren Fryslân; - Tom van Mourik, VVD-pommerant en âld-boargemaster; - Sandra de Jong-Snip, fraksjefoarsitter Provinciaal Belang Fryslân en ELP-riedslid yn Smellingerlân.
Sun, 08 Dec 2024 - 49min - 55 - It nijsfoarum fan 14 desimber
Yn it nijsfoarum besprekke CDA riedslid Wieke Gouzwaard, steatelid en fraksjefoarsitter fan de VVD yn de steaten Eric ter Keurs en foarfjochter fan de belangen fan omwenjenden fan de fleanbasis yn Ljouwert de aktualiteiten fan de ôfrûne wike.
Sun, 15 Dec 2024 - 49min - 54 - it nijsfoarum mei Harry Bevers, Hetty Jansen en Ton van der Laan
It lêste nijsfoarum fan 2024 bestiet út twadde keamerlid Harry Bevers (VVD), earste keamerlid Hetty Jansen (GroenLinks/PvdA) en polityk sjoernalist Ton van der Laan fan de LC. It petear oan tafel giet oer de oergong fan Arriva nei Qbuzz de asylplannen fan minister Faber wol of net social media foar jongeren ûnder de 16 jier ferbiede jild foar de Lelyline brûke foar de oanlis fan de Nedersaksenlijn en we sjogge werom op 2024. Wat wie dat foar jier en wat hoopje we foar 2025?
Sun, 22 Dec 2024 - 47min - 53 - It nijsfoarum fan Buro de Vries 5 jannewaris 2025
Jan Willem Tuininga riedslid FNP yn Ljouwert, Aant Jelle Soepboer Twadde Keamerlid NSC en Jaap Stalenburg Steatelid foar de PvdA sjogge werom op 2024 en foarút op 2025. Hoe komt it yn 'e wrâld, de provinsje en ús lân?
Sun, 05 Jan 2025 - 47min - 52 - Nijsfoarum 12 jannewaris 2025
It nijs fan 'e wike bepraat troch: - Wieke Goudzwaard, CDA-Ljouwert - Daan Olivier, PvdA-steaten en - Albert van Keimpema, De Fryske Marren
Sun, 12 Jan 2025 - 48min - 51 - It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Maarten Goudzwaard en Maaike Prins
It nijsfoarum bestiet dizze kear út steatelid Maarten Goudzwaard (JA21), wethâlder Maaike Prins fan Noardeast Fryslân en keamerlid Habtamu de Hoop (Grien Links/PvdA). Sy prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de twatalige ferkearsboerden yn ús provinsje, it busferfier dat sûnt 15 desimber troch QBuzz útfierd wurdt en dat noch net goed rint, de ynauguraasje fan Trump, de drokte en wurkdruk fan in wethâlder en oer kearnenerzjy want JA21 fynt dat der yn Fryslân in lytse, moderne kearnsintrale komme moat.
Sun, 19 Jan 2025 - 46min - 50 - It nijsfoarum fan 25 jannewaris 2025
De nijsfoarumleden binne Marianne Poelman, wethâlder yn de gemeente Súdwest Fryslân, Rendert Algra, âld twadde keamerlid en steatelid. En Aukje de Vries. Twadde Keamerlid foar de VVD.
Sun, 26 Jan 2025 - 49min - 49 - It Nijsfoarum
Charda Kuipers, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Fryske steaten, Romke de Jong, âld-Twadde Keamerlid foar D66 en Onno Falkena, ferslachjouwer by Omrop Fryslân, sy foarmje it Nijsfoarum fan snein 2 febrewaris '25.
Sun, 02 Feb 2025 - 48min - 48 - it nijsfoarum mei Harry Bevers, Roel Sluiter en Dieuwke Bakker
It nijsfoarum diskussearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer ynternasjonale, nasjonale en regionale fraachstikken. Oan'e oarder komme: - de plannen fan Trump mei Gaza - de nije konsesje foar de feartsjinst nei de Waadeilannen - Finzenen fjirtjin dagen earder frij fanwege it selletekoart - it ferbân tusken geitehâlderijen en longûntstekking
Sun, 09 Feb 2025 - 48min - 47 - It nijsfoarum fan 16 febrewaris 2025
Yn it nijsfoarum beprate Christa Oosterbaan - fraksjefoarsitter PvdA steatefraksje,Gerard van Klaveren - âld boargemaster, âld deputearre VVD en Jan Willem Tuininga - FNP riedslid Ljouwert it nijs fan de ôfrune wike, Oer de steaten yn wintersliep, fearboaten, asylbelied en Trump.
Sun, 16 Feb 2025 - 49min - 46 - It nijsfoarum mei Sjoerd Keizer, Sjoerd Galema en Wieke Goudzwaard
It nijsfoarum fan Buro de Vries diskussearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer - de plannen fan minister Wiersma om út de stikstofkrisis te kommen - de foarming fan in nije linkse partij - de situaasje yn de Oekraïne, de fredesûnderhannelingen, de rol fan Trump en de rol fan Europa it nijsfoarum bestiet út Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert Sjoerd Keizer, fraksjefoarsitter fan SIN yn Noardeast Fryslân Sjoerd Galema, âld deputearre (CDA) en boer yn Hartwert
Sun, 23 Feb 2025 - 50min - 45 - It nijsfoarum mei Europarlemintariër Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66), Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) en âld boargemaster Harry Oosterman (CDA)
Europarlemintariër Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66), Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) en âld boargemaster Harry Oosterman (CDA) diskusearje oer diplomatike rûzjes, fredesdeals, hannelstarieven en feilichheidsgaransjes.Komt it noch goed tusken Europa en Amearika? Fierder giet it ek oer de needgjalp fan rjochters, advokaten en ofsieren oer de steat fan de rjochtsteat en oer it Frysk op skoalle en yn de riedsseal yn Eaststellingwerf.
Mon, 03 Mar 2025 - 43min - 44 - It nijsfoarum fan snein 9 maart 2025
Yn Buro de Vries besprekke Wieke Goudzwaard - riedslid CDA, Patrick van 't Haar -sjoernalist Leeuwarder Courant en Aant Jelle Soepboer - Twadde Keamerlid NSC it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpoen binne, Oekraine, jeugdsoarch en it útkeapjen fan boeren.
Sun, 09 Mar 2025 - 51min - 43 - It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jenny Douwes en Albert van der Ploeg
It Nijsfoarum fan snein 16 maart, mei * Mariska Rikkers, Twadde Keamerlid foar de BBB; * Jenny Douwes, ûndernimster yn in mannewrâld; en * Albert van der Ploeg, boer en âld-CDA wethâlder .
Sun, 16 Mar 2025 - 44min - 42 - It Nijsfoarum mei Marianne Poelman, Albert van Dijk en Jan-Willem Tuininga
It Nijsfoarum mei hjoed oan tafel: * Marianne Poelman, PvdA-wethâlder Súdwest-Fryslân; * Jan-Willem Tuininga, FNP-fraksjefoarsitter Ljouwert; en * Albert van Dijk, selstannich riedslid yn Achtkarspelen en steatelid (eader foar FvD)
Sun, 23 Mar 2025 - 50min - 41 - It nijsfoarum fan 30 maart 2025
Yn it nijsfoarum besprekke we it nijs fan de ôfrûne wike mei Twadde Keamerlid foar Grienlinks/PvdA Habtamu de Hoop, steatelid foar BBB Natalie Nauta en sjoernalist en skriuwer Auke Zeldenrust. Oer it fjoerwurkferbod, de wolf, LHBTI en Amerika en de plannen fan steatssiktaris Coenradie om finzenen twa wike earder frij te litten.
Sun, 30 Mar 2025 - 51min - 40 - It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Durk Durksz en Jacob IJsselstein
It nijs fan de wike besprutsen troch: Aukje de Vries, Twadde Keamerlid foar de VVD; Durk Durksz, FNP-wethâlder fan Opsterlân; en Jacob IJsselstein, Fryske kar-lûker foar BBB-jong en BBB-kommisjelid yn de Fryske Steaten.
Sun, 06 Apr 2025 - 48min - 39 - It nijsfoarum mei Jouke van Dijk, Hanneke Goede en Bearn Bilker
It nijsfoarum wurdt foarme troch twa mannen en ien frou: Hanneke Goede, steatelid foar de SP, Bearn Bilker, âld boargemaster en Jouke van Dyk, heechleraar Regionale Arbeidsmerkanalyse oan de RUG en foarsitter fan de Sociaal Economische Raad Noord Nederland. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de trije gasten oer de handelsoarloch, bern thús hâlde fan skoalle, de djoere boadskippen, aksjefiere troch XR en oer ynfestearringen fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.
Sun, 13 Apr 2025 - 38min - 38 - It nijsfoarum mei Harry Bevers, Dieuwke Bakker en Idske Koopmans
It nijsfoarum bestiet op dizze 20ste april út VVD Twadde Keamerlid Harry Bevers út Ljouwert,BBB Steatelid Dieuwke Bakker út Menaam en Idske Koopmans út Heech, sunt 2022 fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Súdwest-Fryslan. Under lieding fan Jan Dirk de Haan diskusearje hja ûnderoaren oer it hommels opstappen fan Pieter Omtzigt út de NSC-fraksje, it resultaat fan 25 oeren nonstop ûnderhanneljen oer de maitiidsnota yn Den Haag, it stikken slaan fan it sparpotsje foar de Lelylijn en tsjustere wolken boppe yllegale boeren yn Fryslan.
Sun, 20 Apr 2025 - 49min - 37 - It nijsfoarum fan 27 april 2025
De kommende oere hearre we de mieningen fan trije foarumleden oer de nijsfeiten fan de ôfrûne wike. Hjoed te gast riedslid foar Nieuw Sociaal yn Sudwest Fryslan, Jacoline Engelmoer, Riedslid yn Ljouwert en direkteur fan Tumba Mirka antolovic en fêst foarumlid en riedslid yn Ljouwert, Jan Willem Tuininga. We beprate keningsdei, lintsjesrein, wenningbou, de paus en diskriminaasje.
Sun, 27 Apr 2025 - 49min - 36 - It Nijsfoarum mei de boargemasters fan Ljouwert, It Hearrenfean en Achtkarspelen
It spesjale 4 maaie-Nijsfoarum mei trije Fryske boargemasters, te witten: Avine Fokkens fan It Hearrenfean, Sybrand Buma fan Ljouwert en Jouke Douwe de Vries fan Achtkarspelen.
Sun, 04 May 2025 - 47min - 35 - It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum
It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen
Sun, 11 May 2025 - 49min - 34 - It nijsfoarum mei Ina Sjerps, Maarten Goudzwaard en Habtamu de Hoop
Yn it nijsfoarum dizze kear boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan JA21 yn Provinsjale Steaten en Habtamu de Hoop, Twaddekeamerlid fan GroenLinks-PvdA. Boargemaster Halsema fan Amsterdam spruts har dizze wike út Gaza. Moatte gemeenten har wol bemuoie mei ynternasjonale polityk? De koalysje woe de hieren bevrieze. Mar is dêr wol goed oer neitocht? En it sikehus fan Snits leit in bom under de fuzje mei Hearrenfean en de plannen foar in nij sikehus op de Jouwer. Ferstannich of koartsichtich? Fierder: it opinystik fan Noardelike bestjoerders oer de Lelyline en it definitive ôfskied fan Pieter Omtzigt as lid fan de Twadde Keamer. Soe syn partij, NSC, dat wol oerlibje?
Sun, 18 May 2025 - 48min - 33 - It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025
Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.
Sun, 25 May 2025 - 48min - 32 - It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers
It nijs fan de wike besprutsen troch: Ojanne Chang, fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenterie fan it Hearrenfean; Harry Bevers, Twadde Keamerlid foar de VVD; Aant Jelle Soepboer, Twadde Keamerlid foar NSC;
Sun, 01 Jun 2025 - 48min - 31 - It nijsfoarum fan 8 juny 2025
We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.
Sun, 08 Jun 2025 - 49min - 30 - It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch
It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Mariska Rikkers fan de BBB, PvdA-steatelid Jaap Stalenburg en en âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch
Mon, 16 Jun 2025 - 48min - 29 - It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard
It Nijsfoarum fan 22 juni 2025 mei: Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenterie fan Ljouwert; Jan Arendz, foarsitter fan de FNP; Rommy Kempenaar, wethâlder foar Sociaal Links Dantumatiel en PvdA-lid.
Sun, 22 Jun 2025 - 47min - 28 - It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga
Oan tafel sitte ditkear: Eke Folkerts, deputearre foar de BBB; Hetty Janssen, Earste Keamerlid GrienLinks/PvdA; Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert.
Sun, 29 Jun 2025 - 49min - 27 - It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer
It nijsfoarum fan Buro de Vries bestiet dizze kear út twadde keamerlid foar de VVD Harry Bevers, skiednisdosint en kollumnist Hendrik van Doezum en wethâlder Jelke Nijboer fan Eaststellingwerf. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer de kommende ferkiezingen, de moard op Charlie Kirk en de reaksjes dêr op fan presidint Trump, de dosint fan it Bornego kolleezje op it Hearrenfean dy't oer dy moard twittere, en oer de soevereinen: minsken dy't fine dat se har net oan de wet hoege te hâlden.
Sun, 14 Sep 2025 - 48min - 26 - It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg
In Nijsfoarum besprekt it nijs fan 'e wike fanút Frysk perspektyf, mei hjoed oan tafel: * Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, europarlemintariër foar D66; * Wiebe Strikwerda, CDA-wethâlder Dantumadiel; * Jaap Stalenburg, steatelid PvdA.
Sun, 21 Sep 2025 - 49min - 25 - It nijsfoarum fan Buro de Vries op 28 septimber 2025
We besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Mei de folgjende gasten: Amarins Geveke - saaklik lieder Ivgi en Greben, haadredakteur De Moanne en earder fraksjefoarsitter fan de VVD op Skylge Maarten Goudzwaard - steatelid Ja '21 en fraksjemeiwurker Twadde Keamer Ja '21 Femke Molenaar - riedslid Grien Links Ljouwert en Dolle Mina ûnderwerpen: kultuur yn Fryslân rjochtsektremisme geweld tsjin AZC's gaswinning yn Grinslân
Sun, 28 Sep 2025 - 47min - 24 - It Nijsfoarum mei Luciënne Boelsma (CDA), Daan Olivier (GL/PvdA) en Fasil Kuipers (FNP)
It Nijsfoarum mei trije Fryske kandidaten oan tafel foar de Twadde Keamer-ferkiezingen fan 29 oktober. - Luciënne Boelsma (CDA, nûmer 14), - Daan Olivier (GL/PvdA, nûmer 44) en - Fasil Kuipers (FNP, nûmer 9)
Sun, 05 Oct 2025 - 48min - 23 - It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Wieke Paulusma en Jelmer de Groot
It nijsfoarum debatearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries foaral oer de ferkiezingtéma's. Oan tafel sitte FNP listlûker Aant Jelle Soepboer, D66 keamerlid Wieke Paulusma en Jelmer de Groot, de nûmer 26 op de list foar de BBB. Se prate koart even oer it bestân yn Gaza en dêrnei giet it foaral oer de ferkiezingen. Hoe fierst kampanje as't net oanskowe meist by de grutte debatten, hoe wolle de ferskate partijen de wenkrisis oanfleane en hoe wolle se omgean mei migraasje.
Sun, 12 Oct 2025 - 47min - 22 - It nijsfoarum fan Buro de Vries oer ferkiezings
Yn Buro de Vries diskusearje de trije keamerleden en kandidaten by de ferkiezings oer ferskate tema's. Lykas migraasje, wenjen en soarch. Eddy van Hijum - listlûker NSC Max Aardema - nûmer 27 op de list fan de PVV Habtamu de Hoop - nûmer acht op de list fan Gr.Links-PvdA
Sun, 19 Oct 2025 - 48min - 21 - It nijsfoarum mei Wieke Goudzwaard, Ate Bouma en Hanneke Goede
Yn it nijsfoarum fan buro de Vries prate Wieke Goudzwaard (fraksjefoarsitter CDA gemeenteried Ljouwert), Ate Bouma (nûmer 7 op de kandidatelist foar de FNP) en Hanneke Goede (steatelid en nûmer 30 op de kandidatelist foar de SP) oer de kommende twadde keamerferkiezingen. It giet oer de debatten dy't fierd wurde, de peilingen dy't hyltyd wer útbrocht wurde, de kampanje dy't fierd wurdt en ek oer ferkiezingtéma's as de regio en migraasje.
Sun, 26 Oct 2025 - 47min
Podcasts similaires à Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
De Zaak X AD
Alle Geschiedenis Ooit – Grote Namen Alle Geschiedenis Ooit
De Onderwereld Bas Dingemanse & Bas van Mulken
Omdenken Podcast Berthold Gunster
Moordzaken Carrie & Eddie
Heterdaad De Telegraaf
Kick-off met Valentijn Driessen De Telegraaf
F1 Aan Tafel Grand Prix Radio
KieftJansenEgmondGijp KieftJansenEgmondGijp
Kris Kross Mixtape Kris Kross Amsterdam
De Jortcast NPO Luister / AVROTROS
Nachtzuster NPO Radio 1 / Omroep MAX
Vandaag Inside Vandaag Inside
Maarten van Rossem & Tom Jessen Tom Jessen en Maarten van Rossem
Boekestijn en De Wijk BNR Nieuwsradio
Amerika in 15 minuten Raymond Mens
NRC Vandaag NRC
Zolang het leuk is BNR Nieuwsradio
De Wit & De Wereld NPO Luister / BNNVARA
Groeten uit Grolloo Johan Derksen
Veldheren Peter van Uhm, Mart de Kruif, Jos de Groot / Corti Media
AD Voetbal podcast AD
de Volkskrant Elke Dag de Volkskrant
Het Land van Wierd Duk De Telegraaf
De Wereld | BNR BNR Nieuwsradio
NOS Met het Oog op Morgen NPO Radio 1 / NOS
Europa Draait Door NPO Luister / VPRO
Weer een dag Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit
Nieuws van de Dag Nieuws van de dag
HNM De Podcast Sprekershuys / Talpa Network
Amerika Podcast BNR Nieuwsradio
De zaak ontleed De Telegraaf
Sven op 1 NPO Radio 1 / WNL