Nach Genre filtern

Sportcast

Sportcast

Omrop Fryslân

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

396 - #364: In Fryske fuotballer dy't viral giet, El Arguioui werom nei FC Utrecht en oaljefanten, sjiraffen en seehûnen
0:00 / 0:00
1x
  • 396 - #364: In Fryske fuotballer dy't viral giet, El Arguioui werom nei FC Utrecht en oaljefanten, sjiraffen en seehûnen

    De earedivyzje lei ôfrûne wykein stil, mar dat betsjut net dat der net fuotballe waard. Yn de earste divyzje gie Snitser viral mei in wrâldgoal. We belje mei him. Sportklup Hearrenfean makke it ôfrûne blok yndruk, mar tagelyk fertoant de ploech fan Robin Veldman neffens in âld-fuotbaltrainer ek wolris 'arrogante' trekjes. Cambuurtopskoarer Rafik El Arguioui keart sneon werom by syn wurkjouwer FC Utrecht, dat him ferhiert oan de Ljouwerters. Mar hoe grut is de kâns dat FC Utrecht him yn de winterstop werom hellet? Dêrneist giet it oer oaljefanten, sjiraffen en seehûnen.

    Mon, 16 Nov 2026 - 59min
  • 395 - #363: Miljoenenbod foar Hamache, túnkrûden yn de ûnderbroek en dreambaan by de NOS

    Te gast yn de Sportcast is NOS-kommintator Jan Vincent van Zuiden. 

    Mon, 09 Nov 2026 - 49min
  • 394 - #362: Ljouwerter fans wolkom yn Abe Lenstra Stadion en it beste Cambuur ea? yn in sjoernalistike sjo

    Sawol Sportklup Hearrenfean as Cambuur makke yndruk it ôfrûne wykein. Beide teams komme sa stadichoan yn foarm foar 6 desimber, as de Fryske derby spile wurdt. Algemien direkteur Ferry de Haan fan Hearrenfean seit dat, wat him en de klup oanbelanget, Cambuurfans wolkom binne yn it Abe Lenstra Stadion. It kollektyf wurdt priizge by de Feansters, lykas yn Ljouwert. Is it sels miskien wol it beste Cambuur ea?

    Mon, 02 Nov 2026 - 59min
  • 393 - #361: De weropstanning fan Binder by Cambuur, in prûk en hierbân foar Mister Hearrenfean en spits siket klup

    Nicolas Binder bakte der yn de earste divyzje neat fan by SC Cambuur, mar is op dit stuit dield topskoarer fan de Ljouwerters op it heechste nivo. Hy skoarde mear as Wout Weghorst en Mexx Meerdink.  Woansdei spilet Sportklup Hearrenfean yn de beker tsjin Excelsior Maassluis. Dêr is Fries Geert Arend Roorda de trainer. Hy blikt foarút op it foar him bysûndere treffen. En de Sportcast is de beroerdste net en wol in spits oan in nije klup helpe...

    Mon, 26 Oct 2026 - 56min
  • 392 - #360: Foeke Booy bijna naar WK 1990, Cambuur lilk op skiedsrjochter en is Dylan Vente no echt los?

    Foeke Booy wie spits by Cambuur, maar wie ek hiel ticht by it WK fan 1990. Uteinlik gong hy krekt net nei it legendaryske toernoai mei Diego Maradona. Cambuur spile dit wykein lyk tsjin AZ mar it gong benammen oer de skiedsrjochter. Hy joech in reade kaart en in penalty. By Hearrenfean skoarde Dylan Vente foar it earst dit seizoen. Is hy no echt los?

    Mon, 19 Oct 2026 - 56min
Weitere Folgen anzeigen