Podcasts by Category

Sportcast

Sportcast

Omrop Fryslân

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

281 - #255: Komst Van Persie fergelykber mei Van Basten: "Er komt iemand binnen man, hallo zeg"
0:00 / 0:00
1x
  • 281 - #255: Komst Van Persie fergelykber mei Van Basten: "Er komt iemand binnen man, hallo zeg"

    De komst fan Robin van Persie nei Sportklup Hearrenfean sil in grutte impact hawwe. Dat tinkt âld-spiler en -trainer Tieme Klompe, dy't it yn de Sportcast fan Omrop Fryslân fergeliket mei it oanstellen fan Marco van Basten.

    Mon, 29 Apr 2024 - 58min
  • 280 - #254: Ferry de Haan ûntkent 'ûntbleating' Hélène Hendriks: "Dit was fake news ja"

    Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

    Mon, 22 Apr 2024 - 54min
  • 279 - #253: Is Van Persie en Hearrenfean wol in match? "Ik wit net oft hy in middenmoater manage kin"

    Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Âld-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.

    Mon, 15 Apr 2024 - 49min
  • 278 - #252: Cambuuroanfierder Van Kaam leaut noch yn heljen play-offs: "Een grote kans"

    SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

    Mon, 08 Apr 2024 - 54min
  • 277 - #251: Moat Cambuur ta de beurs foar Lambooij? "Ik fyn in ton wol in soad jild"

    De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearje sil as nije technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.

    Mon, 01 Apr 2024 - 44min
Show More Episodes