Filtrar por género
Sportcast

- 388 - #356: It Linday-effekt, de balâns nei blok ien en hurde wyn, jasses by ADO-Cambuur
Sportklup Hearrenfean wûn mei klinkende sifers fan Sparta Rotterdam (0-4), mei troch de weromkear fan Marcus Linday. It gefolch wie lykwols dat Ringo Meerveld op de bank siet. Wat betsjut dit foar him? SC Cambuur bleaun foar de tredde wedstriid op rige sûnder ferlies troch in lykspul (1-1) by ADO Den Haag. De ûntwikkeling fan de Ljouwerters makket dat der entûsjasme is oer de kânsen op hânhavening. Te gast is fuotbaltrainer René van der Weij fan HHC Hardenberg, dy't noch altyd syn profdream neistribbet. Yn it ramt dêrfan sil er op staazje by ûnder oaren FC Emmen en TOP Oss.
Mon, 21 Sep 2026 - 57min - 387 - #355: De fiislak fan Cambuur, foarmkrisis by Feanster oanfallers en wa stiet yn ien rychje mei Kylian Mbappé?
Nea earder wiene de technysk managers fan Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur tagelyk te gast yn de Sportcast. Oant hjoed, want Johan Hansma en Lars Lambooij sitte oan tafel. It giet oer de fiislak fan SC Cambuur, dy't de 'missing link' blykt te wêzen. Ek de spitsposysje fan Hearrenfean komt wer oan bar, want hoe moat de doelpuntedrûchte fan Dylan Vente oplost wurde? En efter welke spiler siet sawol Hansma as Lambooij oan tidens de ôfrûne transferperioade?
Mon, 14 Sep 2026 - 57min - 386 - #354: Cambuur komt kwaliteit tekoart, Uldrikis is in plan B-spits en 'Ranking the Ref'
Hiel ticht wie Cambuur by de earste trijepunter. Mar it gie wer mis. Neffens âld-fuotballer Sandor van der Heide wie de lette tsjintreffer tsjin Telstar in logysk gefolch fan de spulwize fan de Ljouwerters. Sportklup Hearrenfean gie ûnderút tsjin AZ. Van der Heide besiket út te lizzen wat Hearrenfean oars dwaan moatten hie op ferdigenjend mêd. Fierder komt der fansels wer in fraach út it publyk, is der ek wer in primeur én we belje mei de held fan FC Emmen!
Mon, 07 Sep 2026 - 55min - 385 - #353: In 'ûnbetroubere' oanwinst foar Hearrenfean, Johan Plat wit it net en wa hie in glêsbak op it hiem?
It wie gjin wykein om oer nei hûs te skriuwen foar de Fryske klups. Sportklup Hearrenfean spile lyk tsjin promovendus Willem ll (2-2) en SC Cambuur gie wer ûnderút mei dikke sifers, ditkear tsjin FC Twente (1-4). Cambuurtrainer Johan Plat wit net sa goed wat er docht, fernimt Gertjan Verbeek. De âld-fuotbaltrainer is ek net sa bot sjarmearre fan de nije spiler fan Hearrenfean, Mees Hilgers. En der is fansels wer in primeur yn de Sportcast!
Mon, 31 Aug 2026 - 57min - 384 - #352: Dé oplossing foar it supportersgeweld, Foppe wol Mbabbe wol traine en Henstra is in groeibriljant
Der waard snein in skaad lein oer wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord. Yn de Sportcast tinke we sa as altyd goed mei en presintearje we it 'Plan-Riemer', wat ôfrekkenje moat mei soksoart supportersgeweld. Foppe de Haan is te gast en jout syn miening oer Dylan Vente, Ringo Meerveld en noch folle mear. En wie de nederlaach fan Hearrenfean no in ynsidint of moat we ús soargen meitsje? Ek is der op 'e nij in primeur oer in nije spiler foar Cambuur!
Mon, 24 Aug 2026 - 54min - 383 - #351: Robin Veldman draait der net omhinne, oanknopingspunten foar Cambuur en faktor 50 foar de mystery guest
Trainer Robin Veldman fan Sportklup Hearrenfean is ambysjeus; Europeesk fuotbal helje is dit jier de doelstelling. Dat fertelt er yn de Sportcast. SC Cambuur ferlear ek de twadde earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen, mar yn tsjinstelling ta foarige wike wiene der ditkear wól oanknopingspunten. En der is in primeur, want de Ljouwerters ha in nije spiler binnen. Fierder is it de fraach oft Marcus Linday noch fuort giet by Hearrenfean. En wat kloppet der fan de ynteresse fan Bernt Klaverboer yn Udinese?
Mon, 17 Aug 2026 - 1h 00min - 382 - #350: Johan Plat bliuwt rêstich nei falske seizoensstart Cambuur, Marcus Linday wol net prate en it jubileumkonsert fan Jan Smit
It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen te begripen dy't libje ûnder de supporters, mar hy seit dat der beslist noch gjin man oerboard is. By Sportklup Hearrenfean sit de fleur der mear yn nei de winst op FC Twente (1-0). Mar wêrom woe Marcus Linday Omrop Fryslân net te wurd stean? En driget Bernt Klaverboer fuort te gean?
Mon, 10 Aug 2026 - 54min - 381 - #349: Proper vs. Van Overeem, je hert fêsthâlde foar Cambuur en wêr einigje de twa Fryske klups?
Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC Cambuur begjint mei in wol hiel jonge seleksje oan it earedivyzje-aventoer. Komt it wol goed yn Ljouwert? We litte ús byprate oer de nije spulrigels troch in saakkundige én dogge foarsizzings yn de Nostradamus Cup!
Mon, 03 Aug 2026 - 57min - 380 - #348: De pearels fan masterscouts Anker en Anker, Cambuur sit op it 'vinkentouw' en Arne Slot assistint-trainer by Hearrenfean?
De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan. Neist seizoenkaarthâlder by Sportklup Hearrenfean binne se ek grut leafhawwer fan de earste divyzje. Dêr rinne pearels rûn, dy't beide bruorren mar al te graach ûnder de oandacht bringe wolle fan technysk manager Johan Hansma. De Sportcast is werom op moandei 3 augustus, krekt foar it earedivyzjeseizoen úteinset. Oant dan!
Mon, 01 Jun 2026 - 57min - 379 - #347: De Grutte Namedropping Show mei Johan Hansma
It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan Hearrenfean fertelt yn de Sportcast dat de oanbieding fanút de Domstêd ôfwimpele is. It koe wolris in drokke simmer wurde foar Hansma, om't der in soad spilers fan Hearrenfean fuort gean kinne. En dus moatte der dan ek ferfangers helle wurde. De iene nei de oare namme fan in potinsjele nije spilers passearret de revu. En wat te tinken fan SC Cambuur, dêr't ek hast in hiel alvetal ferfong wurde moat.
Tue, 26 May 2026 - 58min - 378 - #346: Moat Hearrenfean de finale fan de play-offs boykotsje? Fyftjin nije spilers foar Cambuur en fan gersmaster nei badmaster
As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy wedstriid boykotsje? Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat der wol in oplossing foar. De Vries foarsjocht fierder in drokke simmer foar Lars Lambooij, de technysk manager fan SC Cambuur. Der moatte fyftjin nije spilers helle wurde, is de fisy yn de Sportcast. Fierder giet it oer de posysje fan Henk de Jong, it wetterballet by Hearrenfean-Ajax en is skridend ynsjoch de manlju net frjemd.
Mon, 18 May 2026 - 59min - 377 - #345: Wa is Johan Plat?, The American Dream en in 'lachwekkende' oanbieding foar Mark Diemers
Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan yn de Sportcast. Mei 'Luuk Levert' en 'Radio Van der Sanden' giet in oere samar foarby. Se ha in miening. Oft it no giet oer de fakkels by NAC Breda-Hearrenfean ("Schandalig"), oer de oanbieding dy't Mark Diemers krige ("Lachwekkend") of de status fan Btrouwers as reservespiler ("Een vervelend seizoen").
Mon, 11 May 2026 - 59min - 376 - #344: In primeur fan Kian Visser, ekstra wurdearring foar Hearrenfean en hie Buma wol of net speeche moatten by de huldiging?
Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst, want syn profkarriêre krijt mooglik in ferfolch by in oare klup. Fierder giet it oer Sportklup Hearrenfean, dat twa wedstriden foar de ein al wis is fan dielname oan de play-offs. En dêr mei bêst wat ekstra wurdearring tsjinoer stean. En hie boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, dy't net al te populêr is by in diel fan de Cambuurfans, no wol of net speeche moatten by de huldiging?
Mon, 04 May 2026 - 57min - 375 - #343: Linday rekkenet ôf mei it narjen fan Veldman, de syktocht nei in nije haadsponsor en moat it útfak fan Cambuur op 'e skeppe?
Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan mei-haadsponsor Sytse Brouwer, dy't te gast is yn de Sportcast en sjocht dat syn klup tagroeit nei de play-off-foarm. Ek giet it oer de syktocht nei in nije haadsponsor, want Bouwer en syn kompanen fan 'Wolkom' hâlde der nei dit seizoen mei op. Troch de misdragings fan de fans lei der freed in skaad oer it ôfskied fan Henk de Jong by SC Cambuur. Moat de klup it útfak better ôfskermje, om fjoerwurksmiten tsjin te gean? En de technyske stêf fan de Ljouwerters wurdt wol hiel grut, no't der mei Dennis Reus nóch in assistint-trainer fêstlein is. Dat en noch folle mear yn in nagelnije Sportcast.
Mon, 27 Apr 2026 - 59min - 374 - #342: Kees van Wonderen oer syn ferline by Hearrenfean en syn takomst by Feyenoord, belje mei Milan van Ewijk en de huldiging fan Cambuur
Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline wike promovearre mei Coventry City nei de Premier League. En Van Wonderen fertelt oer syn petear mei Robin van Persie en Feyenoord. En we fertelle wat der allegearre te dwaan is by de huldiging fan Cambuur.
Mon, 20 Apr 2026 - 59min - 373 - #341: Exit Diemers? AZ wie hiel goed, Hearrenfean hiel swak
Cambuur-spiler Mark Diemers is te gast. De oanfierder liet koartlyn in bom falle. Hy hat in kontrakt-oanbieding krigen, mar dat is minder as wat er no fertsjinnet, wylst Cmbuur promovearret. En dêr is er sacht sein net bliid mei.
Mon, 13 Apr 2026 - 58min - 372 - #340: Hearrenfean giet Europa yn, Cambuur einiget it seizoen mei 'shine' en Henk Ballenknijper of Gerald Zwaargeschapen?
It is it jier fan de trochbraak fan keeper Bernt Klaverboer by Sportklup Hearrenfean. Hy fertelt yn de Sportcast dat hy Europeesk fuotbal helje wol mei syn klup. Fierder giet it oer de ambysjes fan de jonge Ketliker keeper, oer it boskje blommen fan Jort van der Sande en de nije trainer fan Cambuur.
Mon, 06 Apr 2026 - 56min - 371 - #339: Foppe de Haan giet wer mei wille nei Hearrenfean, in tip foar Henk de Jong en ordinêre 'namedropping'
It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de iennige reden. De âld-trainer fan de Feansters is te gast en hy hat ek wol in tip foar Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen fierder giet as assistint-trainer. En hoe sit it mei dat ferhaal dat De Haan ris meimakke, dat in besprekking mei spilers útsteld waard fanwege 'Goede Tijden Slechte Tijden'?
Mon, 30 Mar 2026 - 57min - 370 - #338: Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer by Cambuur, mar hy bliuwt wol by de klup
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. Dat makket hy bekend yn in ekstra ôflevering fan de Sportcast. Tiisdei promovearre er foar de tredde kear mei de Ljouwerters nei de earedivyzje. En dus hâldt De Jong wat dat oanbelanget op it hichtepunt op.
Wed, 25 Mar 2026 - 1h 04min - 369 - #337: Oanfal op Wouter Wiersma, Doke fynt Sandor van der Heide de beste coach ea en Meerveld fergelykje mei Maradona
Sportklup Hearrenfean pakte mei dank oan in geweldige goal fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en Cambuur seach troch in nederlaach de earste promoasjekansen yn reek op gean. En dat net allinnich, der wie in soad dwaan rûn skiedsrjochter Wouter Wiersma. Te gast is Doke Schmidt.
Mon, 23 Mar 2026 - 53min - 368 - #336: Fertsjinnet Van Overeem in oprop foar Oranje? Bearenburch kola yn it Kooi Stadion en Rivera is in Chill Guy
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar it earst yn it Kooi Stadion. Wat fûn hy fan de weromkear by syn âlde klup?
Mon, 16 Mar 2026 - 44min - 367 - #335: In update oer de dossiers fan Ferry de Haan, de mem fan Lurling en de huldiging fan Cambuur
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde. Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Want sportferslachjouwer Geert van Tuinen ferklapt wannear't dy wêze sil.
Mon, 09 Mar 2026 - 54min - 366 - #334: Wannear is it promoasjefeest fan Cambuur? Moat Brouwers spylje? En krijt Diemers in nij kontrakt?
René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is de blessuere fan Mark Diemers? En hoe giet it by Hearrenfean? Moat Luuk Brouwers spylje? En wie Hearrenfean no goed of matich tsjin Sparta?
Mon, 02 Mar 2026 - 52min - 365 - #333: In histoaryske útstjoering mei in (Sherida) spitsediskusje, in rein oan priisfragen en it djippe dal fan in rekôrynternasjonal
It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklup Hearrenfean en by SC Cambuur.
Mon, 23 Feb 2026 - 59min - 364 - #332: Vlap sjocht weromkear wol sitten, Hearrenfean hat karakterploech en Rivera is on fire
Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat Hearrenfean in karakterploech hat.
Mon, 16 Feb 2026 - 51min - 363 - #331: De beste spits oait fan SC Cambuur, ekstra punten foar sc Hearrenfean en mei de botte bile troch de seleksjes
Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús soargen meitsje oer Sportklup Hearrenfean? It komt net goed út 'e winterstop en ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. Van der Heide leit út wêrom't dy soargen net nedich binne. Yn Ljouwert moat fêst ek mei in skean each nei takom seizoen sjoen wurde. Want wa moat de opfolger wurde fan Ard de Graaf as algemien direkteur? En hokker spilers kinne bliuwe by promoasje nei de earedivyzje?
Mon, 09 Feb 2026 - 56min - 362 - Olympyske Sportcast: Sjinkie Knegt fynt it belachelik, kondooms yn Milaan en Kok vs Groenewoud
Yn dizze spesjale edysje fan de Sportcast is Sjinkie Knegt te gast en skowe Roelof de Vries en Andor Faber oan. We besprekke de kânsen fan de 7 Fryske dielnimmers oan de Olympyske Spelen en we ha ferbining mei ús man yn Milaan: Willem Vermeltfoort.
Wed, 04 Feb 2026 - 34min - 361 - #330: Van Overeem is in "meesterset", dossier-Noppert en wa hat belle foar Baouf?
Technysk manager fan sc Hearrenfean Johan Hansma is te gast. Hy fertelt oer wat der dizze transferperioade allegear spile, oft er noch wat spilet en oft Andries Noppert bliuwt. We belje ek mei technysk manager fan SC Cambuur.
Mon, 02 Feb 2026 - 57min - 360 - #329: Dribbelkening Maas Willemsen,The Voice of Holland by famylje De Jong en FC Grins-direkteur begrypt der neat fan
Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten it fjild ymponearret de 22-jierrige Willemsen, sa leare wy yn de Sportcast. Fierder is der in ynsjoch hoe't in freedtejûn by de famylje De Jong yn Drachten derút sjocht: gjin skeakelkanaal mei KKD-wedstriden, mar The Voice of Holland. En de direkteur fan FC Grins skoart populistepunten mei syn útspraak dat er fynt dat Hearrenfean ophâlde moat mei it Frysk folksliet foar de wedstriid, om't it 'niet meer van deze tijd' wêze soe.
Mon, 26 Jan 2026 - 59min - 359 - #328: Op dizze datum promovearret Cambuur, Hearrenfeanspilers litte inoar fersûpe en Karlsbakk-yndeks smyt in moaie transfer op
SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong docht dat net, mar yn de Sportcast bart dat wol. De spilers fan Sportklup Hearrenfean steane wer efkes mei de beide fuotten op ierde, nei't FC Grins mei 2-0 wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Neffens âld-spiler Geert Jelle de Vries leit it oan de fjildbesetting fan de Feansters. Hy neamt it in 'struktureel probleem'. En hoe kin it dat Daniel Karlsbakk, nei't er Hearrenfean ferlitten hat, ynienen wól skoart? In goeie bekende fan him leit it út...
Mon, 19 Jan 2026 - 54min - 358 - #327: Bernt, Brouwers en de badkeamer, in KKD-topper en Feyenoord is in 'luzeploech'
Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn sitten as in lykspul? SC Cambuur spilet freed de kreaker tsjin koprinner ADO Den Haag, mar yn Den Haach binne se eins hielendal net mei de Ljouwerters dwaande. Hoe sit dat? En wat is der no krekt bard mei Bernt Klaverboer? De keeper fan Sportklup Hearrenfean foel op de slotdei fan it trainingskamp yn Spanje yn de badkeamer, wêrby't er in harsenskodding oprûn. Yn de Sportcast hearst de smoute details.
Mon, 12 Jan 2026 - 40min - 357 - #326: De man fan 100.000 euro, in 'ruw diamantje' by Hearrenfean en wol of gjin fjildferwaarming yn Emmen?
It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in Fryske haadtrainer. Hy is ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, mar sjocht ek kânsen. Hokker? Dat fertelt er yn de Sportcast. Fierder is der fanút it trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean in ynformant, dy't syn earste yndrukken fan nije spilers Lasse Nordås en Luca Oyen priis jout. Dat en mear yn in nije Sportcast.
Mon, 05 Jan 2026 - 53min - 356 - #325: Sportive hichtepunten en djiptepunten yn de oaljekoekeshow! En wa is 'Appie?'
It fuotbaljier 2025 sit derop foar Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur en dus is it tiid om werom te sjen. Wat wiene de hichtepunten? En hoe wiene de djiptepunten? Fansels wurdt der ek fêst foarút sjoen op wat it nije jier ús biede sil. Sa sjogge we yn de glêzen bol oft Hearrenfean de bekerfinale hellet. En keart de Fryske derby werom mei de promoasje fan Cambuur?
Mon, 29 Dec 2025 - 32min - 355 - #324: Hannen skodzje mei Messi en Ronaldo, bingo by Harkemase Boys en te betiid winterstop foar Hearrenfean
It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jong PSV ferlear. Kin Cambuur noch kampioen wurde? Dat en mear yn in nije Sportcast.
Mon, 22 Dec 2025 - 58min - 354 - #323: Cambuur wol Europa yn, it shirt fan Vasco da Gama en slangeminske Klaverboer hâldt de nul
De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Ismaël Baouf.
Mon, 15 Dec 2025 - 54min - 353 - #322: Wer gjin gast fan sc Hearrenfean, soargen by Visser nei nije operaasje en hoefolle kredyt hat Klaverboer?
Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta? En hoefolle kredyt krijt keeper Bernt Klaverboer noch fan de technyske stêf fan de Feansters. De Ketliker keeper seach der sneon tsjin PSV op 'e nij net oertsjoegjend út.
Mon, 08 Dec 2025 - 46min - 352 - #321: In mentaliteitsprobleem by Hearrenfean, wat te dwaan mei Ferrah? En in primeur fan Van der Weij
Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net sjen. Komt dat troch in mentaliteitsprobleem? Wa't miskien ek wol in probleem hat, is Cambuuroanfaller Ichem Ferrah. Hy wie de revelaasje fan de earste moannen, mar hat no al twa moannen net belutsen west by in goal. As it oan René van der Weij leit, rekket er syn basisplak kwyt. Dyselde Van der Weij, haadtrainer fan twadde divizjonist HHC Hardenberg, hat ek noch in primeur foar de Sportcast...
Mon, 01 Dec 2025 - 54min - 351 - #320: Pieter Kooi: "Ast der gjin ferstân fan hast, praat der dan ek net oer"
SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan Cambuur. Jildsjitter Pieter Kooi sit dêrom oan tafel yn de Sportcast. "It wie wol efkes skrikken".
Mon, 24 Nov 2025 - 56min - 350 - #319: De dream fan Hearrenfean-trainer Robin Veldman, jildproblemen by Cambuur en hoefolle kredyt hat de doelpuntleaze Rivera?
Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op tafel. want hy hat in linksbûten dy't noch altyd gjin goal makke hat. Hoefolle stipe krijt Maxence Rivera noch? Hoe komt it by SC Cambuur no't der fragen lizze oer de finansjele problemen. Hoe grut binne dy en kin Cambuur der noch útkomme?
Mon, 17 Nov 2025 - 59min - 349 - #318: De Henk de Jong-doktrine, in 'domme draver' by Hearrenfean en in puntestraf foar Cambuur?
Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek is der krityk op Robin Veldman, de trainer fan Hearrenfean dy't sykjende is nei syn ideale opstelling. As it oan âld-fuotballer Geert Jelle de Vries leit, is dêryn gjin plak foar de 'domme draver'. De finansjele sifers fan Cambuur wurde ek besprutsen. Der driget sels in straf foar de klup, as it net ferbetteret.
Mon, 10 Nov 2025 - 51min - 348 - #317: Moat Hearrenfean in oare opstelling, wa is de bêste rjochtsback fan Cambuur en komt der in klup foar Gertjan Verbeek?
Gertjan Verbeek sjocht leauwer dat sc Hearrenfean mei in oare opstelling komt. Neffens him sit der genôch goed fuotbal yn de ploech en komt dat der no net út. De âld-trainer is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. En wa is de bêste rjochtsback fan SC Cambuur? Bram Marsman spile by ferstek fan Rik Mulders en skoarde. Moat hy in basisplak krije?
Mon, 03 Nov 2025 - 57min - 347 - #316: 'Radio Van der Sande', in oergryslik kostbere yngoai en klaaikeamerhumor yn Skotlân
Hy stiet bekend as ien dy't noait ophâldt mei praten: Cambuurspits Jort van der Sande. It smyt him de bynamme 'Radio Van der Sande' op, dy't er ea fan in ferneamd fuotbaltrainer krige. Van der Sande is te gast yn de Sportcast en fertelt oer wêrom't hy de bêste spits foar Cambuur is. En oer hoe't er syn perioade yn Skotlân belibbe. Dêr hiene se nochal wat bysûndere foarmen fan klaaikeamerhumor... Ek giet it, op 'e nij, oer de wiksels fan Robin Veldman. Want yn de slotminuten tsjin NAC Breda gie it wer mis foar Sportklup Hearrenfean. Leit it oan de ferdigenjende wiksels?
Mon, 27 Oct 2025 - 55min - 346 - #315: It wikselbelied fan Veldman, in primeur oer Ferrah en is it no Bjorn of Bjarn?
Hie Robin Veldman de drege einfaze by Telstar-sc Hearrenfean foarkomme kinnen mei syn wiksels? Want de Feansters liken gjin antwurd te hawwen op it ynbringen fan de lange Milan Zonneveld. Bernt Klaverboer hie dat wol; de keeper fan Ketlik makket yndruk yn syn earste wedstriden foar Hearrenfean. Der is by Cambuur nijs oer de blessuere fan oanfaller Ichem Ferrah. En wannear is wrâldkampioen Ismaël Baouf eins werom yn Ljouwert?
Mon, 20 Oct 2025 - 45min - 345 - #314: Ismaël Baouf nei de Afrika Cup? Wêrom't Hearrenfean de play-offs hellet en 'I like Amofa-mofa'
It giet mar wer ris oer Ismaël Baouf, dy't mei Marokko yn de heale finale stiet fan it wrâldkampioenskip ûnder 20 jier. Hy makket safolle yndruk, dat Marokkaanse fuotbalfans him ek yn it earste op de Afrika Cup sjen wolle. Ald-fuotballer Sandor van der Heide foarsjocht in rekôrtransfer. En hy tinkt dat Sportklup Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal hellet. Mei Luuk Brouwers yn 'e basis, as it oan him leit.
Mon, 13 Oct 2025 - 54min - 344 - #313: De goudmyntsjes fan Cambuur, in gremitige Kersten en is der dochs noch takomst foar Diemers?
De miljoenen klotsten by de plinten op yn it Kooi Stadion de ôfrûne simmer. Benjamin Pauwels, Tyrique Mercera en Bryant Nieling brochten miljoenen op. De nije lading goudmyntsjes stiet al klear mei Ismaël Baouf, Jamal Amofa en Oscar Sjöstrand. Al rekkenet technysk manager Lars Lambooij fan SC Cambuur net op in wintersk fuortgean. By Sportklup Hearrenfean foel de gremitigens ôf te lêzen fan it gesicht fan matchwinner Sam Kersten. Wêr kaam dat wei?
Mon, 06 Oct 2025 - 51min - 343 - #312: Foppe de Haan lyrysk oer Van Overeem, Kersten kopt as in bezemsteel en Cambuur better as totaalfuotbal yn '74
Sportklup Hearrenfean joech snein twa punten fuort yn Utrecht, wylst SC Cambuur it publyk op de banken krige tsjin Jong PSV. Mei Foppe de Haan prate we yn de Sportcast oer in fantasyske Joris van Overeem, in minne Ringo Meerveld en de nije earste spits fan Cambuur.
Mon, 29 Sep 2025 - 55min - 342 - #311: In nije ferdediging by Hearrenfean, bale op Bali en in frou yn de Sportcast
Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdediging. En hy die dat opfallend goed.
Mon, 22 Sep 2025 - 51min - 341 - #310: Yn 'e bleate kont foar Feyenoord-Hearrenfean, Henk de Jong op âldemanljusferlof en in kwis foar Ferry de Haan
De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de Haan fan de Feansters makket der wurk fan en wol by de KNVB besykje om de skorsing fan de ferdigener foar te kommen. Dyselde Ferry de Haan krijt in oantal kwisfragen, dêr't er syn holle oer brekt. En de holle brekke oer fuotbal hoecht Henk de Jong dizze dagen efkes net. Hy is nei eigen sizzen op 'âldemanljusferlof' yn Spanje.
Mon, 15 Sep 2025 - 54min - 340 - #309: In 'Tikkie' foar Ichem Ferrah, Kuipvrees en in strúsfûgel yn The Big 5?
Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in âld-kollega, dy't no yn Súd-Afrika ûnder de latte stiet. En dy't The Big 5 noch net sjoen hat. Fierder giet it oer SC Cambuur, dat in soad yndruk makke tsjin Willem ll. Sterker noch: âld-fuotballer Geert Jelle de Vries neamt de Ljouwerters no 'kampioenskandidaat nûmer ien'.
Mon, 08 Sep 2025 - 54min - 339 - #308: In spits dy't mear maratons draaft as goals makket en wêrom't Andries Noppert syn basisplak kwyt is
It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas Binder in nije oanfaller, mar je riede it al... Hy hat de helte alwer mist fanwege in blessuere. Mar neffens Cambuurtrainer Henk de Jong komt it goed mei de Eastenryker. Mei wa't it net goed komt is Andries Noppert. Dy rekket syn basisplak kwyt nei in perioade fan ûnwisse optredens.
Mon, 01 Sep 2025 - 59min - 338 - #307: Hokker klup wol Lucas Bijker op it fjild ha?
Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de Sportcast.
Mon, 25 Aug 2025 - 51min - 337 - #306: Sjampanje fanwege in spiler dy't te let komt en stipe foar in blunderjende Noppert
Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te bepraten yn de nije Sportcast, mei dêryn de oanfierder fan SC Cambuur as gast. Mark Diemers stipet Andries Noppert en fynt dat de keepersdiskusje by sc Hearrenfean net op 'e nij op gong te kommen.
Mon, 18 Aug 2025 - 58min - 336 - #305: Fan Bali nei Al-Ahli en ûnbegryp oer it gebrek oan fitheid by Cambuur
It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis wedstriden ien-nei-lêste stiene. Fierder giet it yn de Sportcast oer de blessuere fan Levi Smans, de transfer fan Michel Vlap en sjeiks yn it skûtsjesilen...
Mon, 11 Aug 2025 - 53min - 335 - #304: Heintje Davids, Levi Smans en Johnny&Ronnie: de Sportcast is werom
De Sportcast is nei twa moannen simmerstop werom. Der is genôch te bepraten, want Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha net stil sitten. Is it terjocht dat Henk de Jong de doelstelling fan Cambuur al bysteld hat? En hoe moat it middenfjild fan sc Hearrenfean derút sjen? It komt oan bod yn in nije Sportcast, mei ûnder oaren de Heintje Davids fan Omrop Fryslân én De Grutte Unbekende...
Mon, 04 Aug 2025 - 56min - 334 - #303: Fleurich de simmerstop yn mei transfernijs yn de lêste Sportcast: nije oanfallers op komst
SC Cambuur is hiel ticht by it oanlûken fan in Eastenrykse spits. En ek Sportklup Hearrenfean wol him oanfallend fersterke en dêr liket op koarte termyn wat by te kommen. Dat docht bliken yn de lêste Sportcast fan dit seizoen, wêryn't we fleurich de simmer yngean mei de bruorren Hans en Wim Anker.
Mon, 02 Jun 2025 - 51min - 333 - #302: "Robin van Persie heeft niet heel veel verstand van keepers"
Hy keepte by in grutte klup as Ajax en foar de Poalske lânskampioen, mar neamt it ôfrûne seizoen fan Sportklup Hearrenfean 'mijn meest bijzondere seizoen ooit'. Keeper Mickey van der Hart makket de oerstap nei Súd-Afrika en sjocht yn de Sportcast werom op syn perioade yn it Abe Lenstra Stadion. Dêrneist giet it oer SC Cambuur, wêr't noch net dúdlik is hoe heech it spilersbudzjet foar takom seizoen wêze sil. Wol is technysk manager Lars Lambooij ticht by it binnen heljen fan in nije spits.
Mon, 26 May 2025 - 49min - 332 - #301: Psycholooch kin Hearrenfean Europa yn helpe yn play-offs: "Miskien moat se dat wat mear dwaan"
De spilers fan Sportklup Hearrenfean moatte de kommende dagen in besite bringe oan in psycholooch. Dat soe harren helpe kinne yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wêryn't se tongersdei in útwedstriid spylje tsjin AZ. Dêrneist giet it oer Jeroen Burghout. De assistint-trainer fan SC Cambuur is te gast. Hy sjocht werom op de ôfrûne fiif jier yn Ljouwert, want hy moat ôfskie nimme fan de klup. Syn kontrakt waard net ferlinge.
Mon, 19 May 2025 - 53min - 331 - #300: Sandor van der Heide: "Op het moment dat Cambuur promoveert is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent."
"Op het moment dat ze promoveren is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." Dat seit Sandor van der Heide yn de Sportcast oer in mooglike promoasje fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de Sportcast, wêr't Arjen de Boer praat mei Van der Heide en ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber oer Hearrenfean en Cambuur.
Mon, 12 May 2025 - 56min - 330 - #299: Komme der histoaryske play-offs oan? "Noordelijke voetbal moet naar het hoogste niveau ooit"
As SC Cambuur promovearret, dan soene der folgjend seizoen fjouwer klups út Noard-Nederlân yn de earedivyzje spylje. En dus kinne it histoaryske play-offs wurde. Mei âld-fuotballers Geert Jelle de Vries en Tieme Klompe prate we oer de kânsen fan de beide Fryske klups yn de play-offs, want ek Hearrenfean hat goeie papieren dy te heljen. Fierder giet it oer de rol fan Jakob Trenskow, it middenfjild fan Cambuur en of Hristiyan Petrov of Mats Köhlert tsjin RKC Waalwijk spylje moat.
Mon, 05 May 2025 - 58min - 329 - #298: Ard de Graaf bliid mei play-off-plak Cambuur: "Zeker als je ziet waar we vandaan komen"
Dat SC Cambuur in pear spylronden foar de ein al wis wie fan de play-offs, wie neffens Ard de Graaf net fanselssprekkend. Om dy reden is de algemien direkteur fan de klup bliid, sa seit er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Fierder fertelt assistint-trainer Sipke Hulshoff fanút Liverpool oer it behelle lânskampioenskip en giet it oer de nije keeperstrainer fan sc Hearrenfean.
Mon, 28 Apr 2025 - 59min - 328 - #297: Weromkear Trenskow is breanedich yn oanfal Hearrenfean: "De rest kin net fuotbalje"
Sportklup Hearrenfean hat der in wapen by, mei it each op de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wapen hjit Jacob Trenskow. Sûnder him wie de kâns grut west dat de Feansters de neikompetysje net iens helle hiene. En oanfierder Mark Diemers wol dochs yn Ljouwert bliuwe, ek as SC Cambuur net promovearret nei de earste divyzje.
Mon, 21 Apr 2025 - 45min - 327 - #296: Foeke Booy begrypt foarsichtigens Cambuur oer twadde plak net: "Spreek het gewoon uit en ga ervoor"
SC Cambuur moat net sa foarsichtich wêze en gewoan útsprekke dat it foar streekrjochte promoasje giet. Dat fynt Ljouwerter Foeke Booy, dy't yn it ferline spiler en technysk manager by de klup wie. Op dit stuit is hy assistint-trainer fan Almere City en mei dy klup spilet er sneon tsjin Sportklup Hearrenfean.
Mon, 14 Apr 2025 - 59min - 326 - #295: Robin Veldman wurdt efkes emosjoneel by debút yn Abe Lenstra Stadion: "Dat deed wel echt wat met me"
It wie ít momint dêr't Robin Veldman by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean it meast nei útsjoen hie: it debút yn it Abe Lenstra Stadion. Ofrûne freed wie it safier. It Frysk folksliet brocht him in emosjoneel momint, sa seit Veldman yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 07 Apr 2025 - 58min - 325 - #294: Opmerklike oarsaak foar doelpunterein fan Remco Balk: "De verdienste van Afolabi"
Mark Diemers is de bêste spiler fan SC Cambuur dit seizoen, mar de revelaasje is topskoarer Remco Balk. Dat fynt klupikoan Johan Groote. Hy tinkt dat de Ljouwerters twadde wurde en streekrjocht promovearje nei de earedivyzje. Fierder sjogge we yn de Sportcast werom op it debút fan Robin Veldman as haadtrainer fan Sportklup Hearrenfean.
Mon, 31 Mar 2025 - 55min - 324 - #293: Robin Veldman presintearre by Hearrenfean: "Dit is hûndert kear better as de Van Persies en Van Bastens fan dizze wrâld"
Mei Robin Veldman hat Sportklup Hearrenfean in nije trainer dêr't it pompeblêdebloed troch syn ieren rint. En dat is krekt wat de klup no nedich hat, docht bliken yn de Sportcast.
Mon, 24 Mar 2025 - 45min - 323 - #292: Foppe de Haan op de bank?: "Ik wol gjin stroman wêze"
Hearrenfean is nei it fertrek fan Robin van Persie noch altyd op syk nei in opfolger. Op dit stuit docht Henk Brugge it, mar dy hat net de goeie papieren. Mar Foppe de Haan fertelt yn de Sportcast dat Brugge it oant no ta prima docht.
Mon, 17 Mar 2025 - 57min - 322 - #291: Cambuur siket nije assistint-trainer, mar: "Net elkenien wol ûnder Henk de Jong wurkje"
De beide Fryske betelle fuotbalklups sykje in nije trainer. By sc Hearrenfean giet it om in haadcoach en by SC Cambuur om in assistint. Beide klups rinne yn harren syktocht lykwols op tsjin swierrichheden.
Mon, 10 Mar 2025 - 51min - 321 - #290: Van der Heide wit wa't Van Persie opfolgje moat: "Schreuder gaat het stadion volledig vol krijgen"
Wa moat Robin van Persie opfolgje as trainer by Sportklup Hearrenfean? Analist en âld-fuotballer Sandor van der Heide wit wol ien, dy't kwa fuotbalfisy ek noch ticht by Van Persie sit.
Mon, 03 Mar 2025 - 56min - 320 - #289: Riemer van der Velde wol Erik ten Hag as tuskenpaus: "ien dy't de problemen oanpakt"
Riemer van der Velde sjocht graach Erik ten Hag nei Hearrenfean kommen as opfolger fan Robin van Persie. De eare-foarsitter wol in grutte namme binnen de klup.
Mon, 24 Feb 2025 - 58min - 319 - #288: Wêr binne de prinsipes fan Van Persie? "Ik fyn it wol in bytsje swak"
Robin van Persie hat syn prinsipes oerboard smiten. Wêr't de trainer fan Sportklup Hearrenfean foar dit seizoen sei áltyd oanfallend fuotbal en foar de winst spylje te wollen, joech er nei de wedstriid tsjin PEC Zwolle (1-1) ta dat er it lykspul oer de streek lûke woe.
Mon, 17 Feb 2025 - 48min - 318 - #287:Ferry de Haan: "Ik denk dat wij genoeg kwaliteiten hebben om naar boven te kijken"
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is dúdlik oer de prestaasjes fan sc Hearrenfean: "Dit is it minste Hearrenfean yn 30 jier." Algemien direkteur fan sc Hearrenfean Ferry de Haan is te gast yn de Sportcast en wjerleit dit.
Mon, 10 Feb 2025 - 53min - 317 - #286: "Tony Rölke is de earste spits fan SC Cambuur"
SC Cambuur hat mei Jeredy Hilterman in nije spits helle, mar Tony Rölke docht it hiel best. Âld-Cambuur-spiler Geert Jelle de Vries is sels al oertsjûge. "Moast Rölke stean litte". Yn de Sportcast prate Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer sportklup Hearrenfean en SC Cambuur.
Mon, 03 Feb 2025 - 55min - 316 - #285: Tieme Klompe fergeliket Van Persie mei Van Basten: "Ik weet niet of Van Persie dat heeft"
Is Robin van Persie wol kritysk genôch? Kin er wolris fan syn eigen ideeën ôfstappe? Of folget er allinnich mar syn eigen fisy? Tieme Klompe is âld-fuotballer en âld-trainer fan ûnder oare sportklup Hearrenfean. Hy is no sjoernalist en analysearret yn de Sportcast sc Hearrenfean. Hy sjocht ek nei Van Persie.
Mon, 27 Jan 2025 - 57min - 315 - #284: "Ein fan dizze wike leit der in kontrakt foar Henk de Jong"
De kâns is grut dat it kontrakt fan Henk de Jong ferlingd wurdt. Dat is de konkluzje yn de Sportcast fan Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Te gast is eare-foarsitter fan SC Cambuur Ype Smid.
Mon, 20 Jan 2025 - 58min - 314 - #283: Moat Cambuur op syk nei in nije trainer? "Henk de Jong is dwaande mei syn lêste moannen"
It is net sjyk hoe't de direksje fan SC Cambuur omgiet mei it ôfrinnende kontrakt fan trainer Henk de Jong. Dat is de opiny yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 13 Jan 2025 - 54min - 313 - #282: Hans Anker hellet út nei KNVB en ropt op ta boykot: "Hâld op mei dy flauwekul"
Sportklup Hearrenfean moat der alles oan dwaan om de thúswedstriid tsjin Almere City op in oar momint te spyljen. Dat seit Feanfan Hans Anker yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It duel tusken Hearrenfean en Almere wurdt spile op 5 maaie, de dei dat ús lân tachtich jier befrijing fiert.
Mon, 06 Jan 2025 - 52min - 312 - #281: It jier 2024 lâns de mjitlatte: meagere foldwaande foar sawol Hearrenfean as Cambuur
In foldwaande, mar dêr is ek alles mei sein. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sjogge de ferslachjouwers werom op it jier fan sc Hearrenfean en SC Cambuur.
Mon, 30 Dec 2024 - 42min - 311 - Einsprint: in weromblik fan it sportjier 2024
Marit Bouwmeester hat sneon de Fryske sportoeuvrepriis fan 2024 krigen. Bouwmeester wurdt priizge foar har tige suksesfolle jier, wêryn't se olympysk goud behelle en troch de ynternasjonale sylfederaasje útroppen waard ta bêste sylster fan de wrâld. Yn dizze Sportcast sjogge we mei ferskate sporters werom op it jier 2024. Mei bygelyks Marrit Steenbergen, Ymkje Clevering of Jan van der Bij.
Sat, 28 Dec 2024 - 2h 21min - 310 - #280: Henk de Jong wol by Cambuur bliuwe: "Soe wol foar de fjirde kear kampioen wurde wolle"
As it oan Henk de Jong leit, bliuwt er ek de kommende jierren trainer fan SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Petearen oer de takomst hawwe der noch net west, fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 23 Dec 2024 - 58min - 309 - #279: Hearrenfean oerrompelet PSV én Sportcast: "Ik tocht: alles ûnder de tsien is meinaam"
Der wiene net in soad minsken dy't de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op PSV (1-0) oankommen seagen. Oan de basis fan de oerwinning stiene yn de eagen fan de Sportcast Levi Smans, Dimitris Rallis en Alireza Jahanbakhsh.
Mon, 16 Dec 2024 - 37min - 308 - #278: Is dit it minste Hearrenfean fan de lêste jierren? Neffens Luuk Brouwers net: "Was Van Hecke nou zo fantastisch?"
Oanfierder Luuk Brouwers tinkt dat der meardere spilers fan sc Hearrenfean binne, dy't harren plafond noch net berikt hawwe. In dei nei syn winnende goal yn de wedstriid tsjin Willem ll skoot de oanfierder oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 09 Dec 2024 - 54min - 307 - #277: It ideale Cambuurmiddenfjild fan Van der Weij: "Diepgang, voetballend vermogen en iemand die op de winkel past"
Hoe sjocht it ideale middenfjild fan SC Cambuur derút? It is in fraach dy't de ôfrûne wiken hieltyd mear nei foarren komt. Yn de Sportcast leit âld-fuotballer René van der Weij út hoe't it der yn syn optyk útsjen moat.
Mon, 02 Dec 2024 - 52min - 306 - #276: Der is noed oer it spul fan Hearrenfean: "It is gewoan betonfuotbal"
De soargen oer Sportklup Hearrenfean groeie nei de sânde útnederlaach op in rige. Ferlieze fan Feyenoord kin, mar de wize wêrop makket dat der noed is oer trainer Robin van Persie en syn spilers.
Mon, 25 Nov 2024 - 49min - 305 - #275: Van der Heide hat oplossing foar pineholledossier Afolabi: "In de winter terug naar België"
SC Cambuur moat yn de winterstop ôfskie nimme fan Jonathan Afolabi. Dat seit âld-spiler Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 18 Nov 2024 - 54min - 304 - #274: Robin van Persie oer fertrouwen jaan, syn moeting mei Maradona en fuotbalheit Arsène Wenger
Robin van Persie stiet noch altyd efter syn kar om in soad te wikseljen yn syn opstelling. De trainer fan Sportklup Hearrenfean leit yn de Sportcast fan Omrop Fryslân út hoe't syn spilers syn fertrouwen fertsjinje moatte. Fierder fertelt Van Persie ûnder oaren oer de moeting mei syn idoal Maradona en syn bân mei 'fuotbalheit' Arsène Wenger.
Mon, 11 Nov 2024 - 58min - 303 - #273: "Hearrenfean straalt gjin plezier út"
Neist in gebrek oan punten, ûntbrekt it neffens Geert Jelle de Vries ek oan plezier by sportklup Hearrenfean. De ploech fan Robin van Persie ferlear dit wykein fan Fortuna Sittard, wie kânsleas en neffens de âld-fuotballer mei der wol wat mear plezier yn komme.
Mon, 04 Nov 2024 - 51min - 302 - #272: Sterke pynstillers wiene deistige kost tidens karriêre Joost van Aken: "Dat was niet altijd verantwoord"
Ald-Hearrenfeanspiler Joost van Aken hat jierrenlang swiere pynstillers slikt om fuotbalje te kinnen. Dat fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 28 Oct 2024 - 52min - 301 - #271: "Andries Noppert wol in bytsje leafde"
"Volgens mij is het niet mijn rol om elke dag een half uur met de spelers te kletsen over het weer." Sa reagearret Robin van Persie op de wurden fan keeper Andries Noppert. Yn de Sportcast is de konklúzje dúdlik: Noppert hat wat mear leafde nedich.
Mon, 21 Oct 2024 - 52min - 300 - #270: Mark Diemers steurt him oan krityk: "Ik vind dat echt heel grote bullshit"
Oft it no trainer Henk de Jong wie of syn assistinten Jeroen Burghout en Rik Reinsma, de technyske stêf fan SC Cambuur krige in soad krityk de ôfrûne wiken troch de minne prestaasjes. Oanfierder Mark Diemers fertelt yn de Sportcast dat it him steurt.
Mon, 14 Oct 2024 - 52min - 299 - #269: Komt Sandor van der Heide werom by Cambuur? "Dan is het lek boven"
Der is in 'reële kâns' dat Sandor van der Heide werom komt by SC Cambuur. Hy moat as ekstra assistint-trainer oan de technyske stêf taheakke wurde om it swalkjende Cambuur út de krisis te helpen, sa is te hearren yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 07 Oct 2024 - 49min - 298 - #268: Hearrenfeanikoan Foppe de Haan oer posysje Henk de Jong: "Se moatte net yn de war reitsje"
De krityk op Cambuurtrainer Henk de Jong boazet oan nei de fiifde kompetysjenederlaach fan dit noch jonge seizoen. Neffens klupikoan Foppe de Haan fan Sportklup Hearrenfean sjitte de Ljouwerters der neat mei op as se him dien jouwe. Dat seit de 81-jierrige âld-fuotbaltrainer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 30 Sep 2024 - 57min - 297 - #267: Lytse oanpassings Van Persie hawwe flitsende derbywinst Hearrenfean ta gefolch: "Ik vind dat hem dat siert"
Sportklup Hearrenfean naam tsjin FC Grins krekt wat minder risiko yn de opbou as yn de wedstriden dêrfoar. It wie ien fan de redenen dat de ploech fan trainer Robin van Persie mei 2-1 wûn. Dat seit âld-fuotballer en tsjinwurdich sportsjoernalist Tieme Klompe yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 23 Sep 2024 - 52min - 296 - #266: Pieter Kooi opnij ta de bûse foar Cambuur
As jildsjitter Pieter Kooi op it lêste momint net mei miljoenen euro's ekstra oer de brêge kaam wie, dan hie Cambuur no net yn it nije stadion fuotbalje kinnen. Dat fertelt de Drachster ûndernimmer yn de Sportcast.
Mon, 16 Sep 2024 - 57min - 295 - #265: Foldien gefoel by Lambooij nei 'Operaasje Grutte Himmelaksje': "Dit is op termijn een goeie selectie"
Hy wie de einferantwurdlike foar 'Operaasje Grutte Himmelaksje' by SC Cambuur. Technysk manager Lars Lambooij sjocht yn de Sportcast fan Omrop Fryslân mei in tefreden gefoel werom op syn earste transferperioade.
Mon, 09 Sep 2024 - 58min - 294 - #264: You'll Never Walk Alone en winne foar 75.000 minsken: Sipke Hulshoff genietet yn Liverpool
Wurkje foar ien fan de grutste fuotbalklups op de wrâld: Sipke Hulshoff docht it op dit stuit. Hy is assistint-trainer fan Arne Slot by Liverpool. Snein noch wûn dy ploech mei 3-0 fan grutte rivaal Manchester United.
Mon, 02 Sep 2024 - 50min - 293 - #263: Teloarstellende seizoensstart foar Cambuur: "Se fuotbalje as pupillen fan 16 jier"
It wol noch net foar SC Cambuur dit seizoen. De Ljouwerters krigen kâns op kâns tsjin Helmond Sport en TOP Oss, mar beide kearen waard der mei 1-0 ferlern. Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries is kritysk op de ploech fan trainer Henk de Jong.
Mon, 26 Aug 2024 - 56min - 292 - #262: Gerald Sibon oer sc Hearrenfean: "Ze spelen onder Van Persie het leukste voetbal van de laatste 10 jaar"
Gerald Sibon is ûnder de yndruk fan de wurkwize fan Robin van Persie by sc Hearrenfean, dat fertelt hy yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik vind het voetbal leuk om naar te kijken en vindt het bijzonder knap hoe hij dat in korte tijd voor elkaar heeft gekregen."
Mon, 19 Aug 2024 - 56min - 291 - #261: Cambuur libbet ta nei earste wedstriid yn nije stadion: "De hunkering is enorm"
Der moat dizze wike noch in hoop gebeure yn it Kooi Stadion, dêr't SC Cambuur snein de earste wedstriid spilet. It komt allegear optiid klear, fertelt algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Mon, 12 Aug 2024 - 56min - 290 - #260: Van Persie-effekt by earste ôflevering Sportcast: "We moatte posityf begjinne"
Robin van Persie preket positivisme by Sportklup Hearrenfean. Yn de earste ôflevering fan it nije seizoen fan de Sportcast wurdt it optimisme fan de nije trainer oernaam.
Mon, 05 Aug 2024 - 55min - 289 - #4 Olympyske Sportcast: Moppentappe, hurder fytse as Geraint Thomas en M&M's op de weachskaal lizze
"Dan denken ze: wat is dit voor idioot?" As para-fytser Tristan Bangma mei grutte mannen as Gerraint Thomas in berch opklimt, sjogge se wolris frjemd oan. Bangma en Lisette Bruinsma fertelle oer har tarieiding op de Paralympyske Spelen.
Mon, 22 Jul 2024 - 50min
Podcasts similares a Sportcast
Boekestijn en De Wijk BNR Nieuwsradio
Herrera en COPE COPE
Es la Mañana de Federico esRadio
La noche de Cuesta esRadio
Hondelatte Raconte Europe 1
Affaires sensibles France Inter
LEGEND Guillaume Pley
Groeten uit Grolloo Johan Derksen
El colegio invisible OndaCero
La Rosa de los Vientos OndaCero
Les grands dossiers de l'Histoire par Franck Ferrand Radio Classique
Espacio en blanco Radio Nacional
Entrez dans l'Histoire RTL
Les Grosses Têtes RTL
L'Heure Du Crime RTL
El Larguero SER Podcast
SER Historia SER Podcast
Maarten van Rossem & Tom Jessen Tom Jessen en Maarten van Rossem
Transportwereld Podcast Transportwereld
BIGtruck Podcast Wim Brons
Ziggo Sport: Rondo Ziggo Sport
Vandaag Inside Vandaag Inside
KieftJansenEgmondGijp KieftJansenEgmondGijp
AD Voetbal podcast AD
Kick-off met Valentijn Driessen De Telegraaf
F1 Aan Tafel Grand Prix Radio
Voetbalpraat ESPN NL
NOS Voetbalpodcast NPO Luister / NOS
De Oranjezondag De Oranjezondag
Dick Voormekaar Podcast Voetbal International
In De Waaier Hidde van Warmerdam en Thijs Zonneveld
VP's Willem&Wessel VoetbalPrimeur
FC Rijnmond Podcast Rijnmond
Kale & Kokkie Podcast Kale & Kokkie
VI ZSM Voetbal International
Telegraaf Formule 1-podcast De Telegraaf
Racingnews365 Formule 1-podcast NL RacingNews365
De Boordradio NU.nl
Ziggo Sport: Wes & Raf Ziggo Sport
De Bestuurskamer FC Afkicken
El Partidazo de COPE COPE